Winterfytsalvestêdetocht op snein 14 jannewaris

jannewaris 4, 2024 08:06

Hjoed is it alwer 27 jier lyn dat Henk Angenent as earste oer de einstreek op de Bonkefeart kaam. De Alvestêdetocht yn 1997 wie de 15e en spitigernôch lêste tocht dy’t organisearre wurde koe troch de Feriening De Fryske Alvestêden.

Boarne: KNMI

It KNMI melde tiisdei dat 2023 it waarmste jier ea metten is. Mei in trochsneed temperatuer fan 11,8°C is it goed 2,5 graad waarmer as in iuw lyn. Klimaatferoaring begjint him hieltyd dúdliker te manifestearjen en hat ek negative gefolgen foar alle leafhawwers fan natueriis yn Nederlân. Om stil te stean by de gefolgen fan klimaatferoaring en it útbliuwen fan de Alvestêdetocht, organisearje de stifting Friesland Beweegt en Cycling 4 Climate op snein 14 jannewaris foar de tsiende kear it alternatyf dat wol trochgean koe: in winterfytsalvestêdetocht.

Ald-dielnimmer út 1997 en Fries Bert Thalen: “Yn 1997 glied ik om tolve minuten foar midnacht oer de einstreek, krekt op ’e tiid dus. No 27 jier letter is it foar it klimaat lykwols ien foar tolven. De oarsaak is dúdlik: wy moatte ophâlde mei it ferbrânen fan fossile brânje en fleis ynruilje foar in plantaardich alternatyf. Lit 2024 it jier wêze dêr’t elkenien syn ferantwurdlikheid yn nimt en in bydrage oan in leefber klimaat leveret.”

Eric Lansu, direkteur stifting Friesland Beweegt: “Fytsers hingje tradisjoneel tsjin de winter de fyts yn de garaazje, om’t se dan reedride. Goed iis om op te riden wurdt spitigernôch hieltyd seldsumer en ús stifting is dan ek yn 2015 mei in alternatyf úteinset: in winterfytsalvestêdetocht. Foar kommende edysje binne noch mar in hânfol startbewizen te ferjaan. Mar wy hoopje fansels om de tocht ris net trochgean te litten om’t er op redens riden wurde kin.”

Belangstellenden foar de fytstocht by de alve stêden lâns kinne har noch op sneon 13 jannewaris en op snein 14 jannewaris (fan 6.00 oere ôf) by de stifting Friesland Beweegt (James Wattstraat 4-F7) registrearje by de Alvestêdehal.

jannewaris 4, 2024 08:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.