Wat fûnen lêzers de nijsgjirrichste artikels op It Nijs yn 2023?

jannewaris 7, 2024 11:17

De redaksje hat de lêzers fan ItNijs.frl frege wat hja it nijsgjirrichste artikel fan 2023 fûnen. Dat wie in drege fraach, sa die bliken út de reaksjes.

Ferdinand de Jong hat der lykwols gjin twivel oer. Hy fynt it opinystik ‘Line Hut: Wat hast oan polarisaasje?‘ it meast nijsgjirrich. De Jong skriuwt: “Line stekt mei har jonge jierren, ûntjouwingsgong, motivaasje, ferstannigens en reedlikens as in moedjaand beaken boppe alle oare artikels út.”  Dêr kin de redaksje it mar mei dwaan. Dêrfoaroer skriuwt Jehannes Elzinga ús dat er eins alles op It Nijs wol nijsgjirrich fynt. Romke Keizer wurdearret de artikels oer histoarje fan Jangerben Mulder tige. Hy skriuwt yn syn reaksje: “Ik fûn it stik oer Jan Bleatekop moai om te lêzen. Fansels wie it ferhaal my wol bekend, mar it is goed om de histoarje yn byld te hawwen. Ek de oare stikken fan Jangerben Mulder mei ik graach oer!”

Fierders wurdearren lêzers de opinystikken fan Pieter de Zwart en Abe de Vries oer de oarloch yn Israël, dêr’t It Nijs romte mei joech om ferskate stânpunten oer oarloch en frede yn it Frysk te beljochtsjen, krekt as by de berjochtjouwing oer de Fedde Schurerlêzing 2023. Ut de Top 50 fan meast lêzen artikels yn 2023 blykt dat opinystikken it meast lêzen wurde. Opfallend is de niget oan artikels oer Fryslân en de Fryske taal. ‘Foar Fryslân, Friezen en it Frysk’ is dan ek it biedwurd fan de Ried fan de Fryske Beweging dat It Nijs útjout. Mar oaren binne o sa wiis mei it wrâldnijs yn it Frysk, dêr’t It Nijs ûnderskiedend yn is; al kin de redaksje dêr mar in tige lytse seleksje fan biede. It is ommers wichtich dat oer alles yn it Frysk skreaun wurde kin, likefolle oft it oer Friezen giet of oer minsken en plakken fier fuort. Yn dat ramt wurdt ek wiisd op wittenskipsnijs. Gauris giet dat by It Nijs oer oare minderheden en minderheidstalen, mar likegoed oer bygelyks eksoatyske bisten of de romtefeart. Sjoch de neamde foarbylden:

‘Utstoarn’ reptyl weromfûn yn Australië

Ariane 5-raket foar it lêst lansearre

Diskusje yn Nij-Seelân oer twatalige ferkearsbuorden

Fierders wurdt nijs oer ‘de oare Friezen’ priizge:

Iepen brief Noard-Fryske organisaasjes: Fryske les moat better

Fryskpraters yn Sealterlân leare om harren net sa maklik te ferbrekken

As lêste wie der wurdearring foar it mooglik meast geef-Fryske waarberjocht dat omtrint alle dagen op It Nijs ferskynt.

jannewaris 7, 2024 11:17
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. gauke jannewaris 8, 19:46

    Sit der groei yn it oantal besikers?

  2. Redaksje jannewaris 8, 22:16

    Dy is der op it heden wat út, Gauke. Ideeën om nije lêzers oan te lûken binne wolkom.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.