Waarpraatsje: Tongersdei sinne
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in skiere en skrouske woansdei krije wy tongersdei, nei alle gedachten, in dei mei in soad sinne.
Woansdeitenacht reint it in skoft, mar letter wurdt it drûch. De súdwestewyn rommet yn ‘e rin fan ‘e nacht nei it noardwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt in graad of 6.
Tongersdei skynt de sinne geregeld. Yn ‘e moarntiid komt de wyn út it westen en by de kust lâns út it noardwesten. By de noardlike kust lâns is de wyn frij krêftich oant krêftich. Yn ‘e middei stiet der in matige noardwestewyn. It wurdt 8 graden.
Fan freed ôf is it wer skier.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje