Waarpraatsje: Oanhâldend myld
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Oant fier yn ’e sellemoanne sil it myld wêze en is de winter fier fuort.
Tiisdeitenacht bliuwt it drûch en it kin, nei alle gedachten, flink opklearje. By in swakke oant matige westewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne..
Woansdei is it earst sinnich, mar letter soe de loft wat mear berûn reitsje kinne. It bliuwt wol de hiele dei drûch. De wyn komt út it súdwesten en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet mear wyn. It wurdt 8 graden.
De oare dagen fan dizze wike bliuwt it myld mei oerdei in temperatuer fan om de 10 graden hinne.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje