Undersyk: ferline jier hast 1.500 boeten yn Fryslân foar riden ûnder ynfloed

jannewaris 30, 2024 08:11 Fernijd

Mei in slok te folle op efter it stjoer krûpe? Dat is libbensgefaarlik en ferbean. Dochs giene ferline jier yn Fryslân in protte autoriders de mist yn. Yn 2023 hat de plysje nammentlik 1.456 brûkers fan de Fryske diken ôfhelle en beboete foar riden ûnder ynfloed. Foaral yn Ljouwert is de kâns grut dat men betrape wurdt foar riden ûnder ynfloed. Dat docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan de resintste plysjesifers.

Yn it ûndersyk bringt Independer yn kaart hoefolle dykbrûkers oft yn Fryslân op riden ûnder ynfloed trappearre waarden. It giet om bestjoerders dy’t bekeurd binne foar riden ûnder ynfloed fan alkohol, drugs of beskate medikaasje dêr’t men de dyk net mei op mei.

“Feroarsaket ien mei in slok te folle op in ûngelok en is dêr in tsjinpartij by behelle? Dan betellet de feroarsaker de skea oan de eigen auto sels. In WA-fersekering fergoedet gewoanwei altyd de skea by de tsjinpartij. Mar tink derom, dat is oars wannear’t der alkohol of drugs yn it spul is. Sawat alle fersekerders hawwe nammentlik in alkohol- en drugsklausule. Dat betsjut dat de fersekerder wol de skea by de tsjinpartij fergoedet, mar dat dy kosten dêrnei op de feroarsaker ferhelle wurde. Hoe’t dat krekt regele is, stiet yn ’e poalisbetingsten”, leit Independer-ekspert autofersekeringen Menno Dijcks út.

Smellingerlân koprinner
Yn Smellingerlân waarden ferline jier in protte bonnen útdield. 237 yn totaal, wat delkomt op goed fyftich boeten op tsientûzen ynwenners fan fyftjin jier en âlder. Dat tal leit in stik heger as de provinsjale trochsneed fan 26 bekeuringen op tsientûzen fyftjinplussers. De fiif Fryske gemeenten dêr’t yn ferhâlding de measte minsken beboete waarden:

  1. Smellingerlân: 50,1 bekeuringen;
  2. Achtkarspelen: 30,3 bekeuringen;
  3. Ljouwert: 28,0 bekeuringen;
  4. It Hearrenfean: 26,3 bekeuringen;
  5. Opsterlân: 26,0 bekeuringen.

Op Skiermûntseach waarden just relatyf de minste ferkearsdielnimmers betrape op riden ûnder ynfloed fan ferdôvjende middels: 11,2 op tsientûzen fyftjinplussers.

Foto: pixabay.com

Wat minder boeten as ferline jier
Yn Fryslân waarden ferline jier 1.456 boeten útdield foar riden ûnder ynfloed. Dat binne 55 minder as yn 2022, wat delkomt op in tebekrinnen fan 3,6%. Neffens 2022 wiene ferline jier de grutste ferskillen yn Harns (-44%) en Dantumadiel (-41%), wylst yn Opsterlân (+53,5%) just folle mear minsken op riden ûnder ynfloed trappearre waarden. Op de ûndersyksside is te sjen hoe’t it persintaazje yn alle gemeenten fan Nederlân is.

Metodology:
Foar de ferliking fan it tal bekeuringen op tsientûzen ynwenners is keazen foar de CBS-groep fan fyftjin jier ôf, om’t yn ’e data ek boeten foar fytsers en brommers sitte. Hoewol’t alkohol foar minsken ûnder de achttjin ferbean en ekstra skealik is, falt net út te sluten dat der ek boeten oan jongelju útdield binne.

jannewaris 30, 2024 08:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.