Twa kear yn ’e moanne it Sealterfrysk oefenje mei it Seelter Bund

jannewaris 20, 2024 08:15

Skielk kin elkenien dy’t ynteressearre is, twa kear yn ‘e moanne fergees it Sealterfrysk oefenje. De feriening Seelter Buund organisearret njonken de moanlikse gearkomste op sneintemoarn, de oare deis op moandeitejûn ek in gearkomste.

Boarne: Bernd Horstmann

Oft men no in begjinner of in memmetaalspreker is, oft men lid is of net, elkenien is fan herte útnûge foar in gesellich petear. Oanmelde is net nedich, men kin spontaan delkomme.

De Sealterfryske stamtafel stiet klear op de twadde snein fan de moanne fan 10.30 oere ôf en ien dei letter fan 19.00 oere ôf. De gearkomste is yn it Kultuurhuus oan de Eisenbahnstrasse 2 yn Skäddel (Scharrel). De earste gearkomsten binne op 11 en 12 febrewaris. It Seelter Buund set tee foar de gasten. Margret Göken kin ynformaasje jaan: goeken@seelterbuund.de.

jannewaris 20, 2024 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.