Tom Dykstra: tagonklik en belutsen

jannewaris 27, 2024 21:03

foto: Willy Sybesma Fotografie

Thomas Dijkstra fan Itens is 24 jannewaris ferstoarn. Tom wie jierrenlang warber foar it Frysk, it Frysk ûnderwiis yn it bysûnder. Yn de tachtiger jierren kaam Tom yn it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging. Faaks hat er lykwols bûten it bestjoer noch wol in wichtiger rol by de Ried spile.

‘Sis mar Tom’, wiene syn eigen wurden. Dy wurden tsjutte Tom syn grutte tagonklikens oan. Tom koe dreech nee sizze en bleau sadwaande lang warber foar de Fryske beweging. Sa wie Tom dé man achter de Fryske Reklamepriis. Yn de Ried wie er fertsjintwurdiger foar de Feriening Frysk Underwiis en de Stifting Slach by Warns. Dêrneist wie er ien fan de meiskriuwers fan de skaad-BFTK 2018-2022.

Op 15 maaie 2023 wie der in spannende Grutte Ried (algemiene gearkomste), want it karbrief soe feroare wurde. Oan it begjin fan de gearkomste die bliken dat der gjin kwoarum wie. Der koe dus net jildich stimd wurde. Fiif minuten nei’t dat fêststeld waard, draaide in auto it parkearplak by Nij Franjum op. Wa stapt derút? Tom Dykstra. Tom wie gjin fertsjintwurdiger mear en mocht net stimme. Mar dêr giet it net om. Tom wie derby. It tekenet syn belutsenens by de Ried fan de Fryske Beweging. It wie de lêste gearkomste dêr’t Tom by wêze soe.

Yn de simmer fan 2023 woe Tom noch oan ’e slach mei in nij Underwiismanifest. De startnotysje wie al klear. Hy hie der nocht oan om dat wer op te pakken. Net lang foar it ynplannen fan in earste petear oer dat manifest fertelde Tom, dat er it efkes op in sêft sin sette moast. Tige optein wiene we doe’t we Tom wer troffen by de Slach by Warns-betinking 2023. Foar it earst yn jierren wie er dêr as passyf dielnimmer. In jier earder hie er it stokje al oerdroegen oan in jongere generaasje. It like wer wat better te gean. Mar spitigernôch koe Tom dat lêste inisjatyf net mear sels fan ’e grûn krije.

As bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging sille wy Tom syn saakkundige ynbring, syn goed trochtochte analyzes en wiidweidige ferhalen tige misse.

It bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging

jannewaris 27, 2024 21:03
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jaap jannewaris 28, 18:06

    Myn ynlike dielnimming

  2. Jan A. Schulp jannewaris 31, 14:01

    Ôfrûne snein skille Jaap van der Bij my dat ús âldkollega Thomas ferstoarn wie. Myn ynlike dielnimming foar Annemieke.
    Thomas hat foar my in treflike en wurdearre kollega west. Wy ha in soad oparbeide en fan elkoar leard. Spesiaal tink ik mei niget werom oan ús gearwurking yn de Jozef musical yn 1987 en 1988. Thomas hie de rol fan Heit Jakob en ik die de sinteraasje.
    In paradisum eum deducant angeli.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.