Teijin Aramid en FibreMax krije € 4 miljoen euro subsydzje fan it Just Transition Fund

jannewaris 14, 2024 08:14

Rizelprodusint Teijin Aramid út Delfsyl en kabelfabrikant FibreMax fan De Jouwer hawwe foar harren mienskiplike projekt Floating Wind € 4 miljoen euro subsydzje fan it Just Transition Fund Grins-Emmen (JTF) krige. It projekt spilet yn op wynenerzjy dy’t mei driuwende wynmûnen opwekke wurdt. Om dy konstruksjes oan de seeboaiem te ferankerjen binne ferankerkabels (tendons) nedich. Mei de subsydzje fokusje de beide bedriuwen har op de ûntwikkeling fan dy tendons op basis fan sirkulêre syntetyske rizels, in avansearre alternatyf foar stielen ankerkabels.

Boarne: Teijin Aramid

Net it driuwfermogen mar stabiliteit is de kritike funksje fan in driuwende wynmûne. It gehiel moat nammentlik bestân wêze tsjin weagen en de krêft dy’t de wyn op ’e driuwende fundaasje útoefenet en de wynmûne dy’t dêrop ynstallearre is. Mei dy avansearre tendons wurdt in stap yn ’e takomst fan offshore wynenerzjy set. “De kabels fan FibreMax binne mei soarch ferfeardige mei help fan ús revolúsjonêre endless winding-technology, dy’t derfoar soarget dat de parallelle triedden útsûnderlike sterkte en konsistinsje hawwe. Yn tsjinstelling ta tradisjonele flochten kabels fertoane ús kabels sterkte, stivens en wjerstân tsjin wurgens en slitaazje, sadat se ideaal binne foar de útdaagjende omstannichheden fan driuwende ofshore wynparken”, fertelt Sander van Helvoort, direkteur Fernijbere Enerzjy by FibreMax. Dêrtroch is it mooglik om ek wynenerzjy op te wekjen yn gebieten dêr’t de see djipper is as sechstich meter.

Nije yndustrystanderts
It patintearre produkt set nije yndustrystanderts. Yn ’e mande mei de provinsjes Fryslân en Grinslân wolle FibreMax en Teijin Aramid de enerzjytransysje ferhastigje, in fearkrêftige arbeidsmerk kreëarje en it duorsum wurkjen befoarderje. Troch de sirkulariteit fan de rizels binne de tendons net allinnich robúst mar ek miljeufreonlik. Floating Wind slút dêrmei oan by de fyzje fan de ministearjes fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) en Ekonomyske Saken en Klimaat (EZK ). Fan de €4 miljoen JTF-subsydzje komt dêrom €1,6 miljoen fan it ministearje fan EZK. De provinsje Fryslân kofinansieret it projekt mei € 250.000.

Teijin Aramid is wrâldwiid de grutste fabrikant fan aramidefezels mei ûnder oare in gemyske produksjefêstiging yn Delfsyl en in rizelspinnerij yn Emmen. FibreMax fan De Jouwer produsearret mei in sels ûntwikkele en patintearre produksjemetoade tige sterke en lichtgewicht presyzjekabels foar ûnder oaren hyskranen. FibreMax en Teijin Aramid bondelje al jierren harren krêften om yntegrearre driuwende fundearrings- en fezeloplossings te bieden oan de groeiende driuwende offshore wynsektor.

Just Transition Fund
It JTF, it ‘fûns foar in rjochtfeardige enerzjytransysje’, is in Europeesk fûns foar gebieten dy’t it swierst rekke wurde troch de oergong nei in griene ekonomy. Dêrmei wol de Europeeske Uny de sosjaal-ekonomyske ûngelikens lytser meitsje. It JTF komt fuort út de Europeeske Green Deal, it programma foar in klimaatneutraal Europa yn 2050. It JTF yn Noard-Nederlân is in gearwurking mei ferskate organisaasjes en oerheden yn Noard-Nederlân: de provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân, de gemeente Emmen en de Arbeidsmerktafel Noard-Nederlân.

jannewaris 14, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.