Sukses oplieding Gouden Gidsegilde yn ’e Waadregio

jannewaris 22, 2024 08:16 Fernijd

Stifting Fitale Waadkust hat de ôfrûne moannen de suksesfolle kursus Gouden Gidsegilde organisearre foar gidsen en ambassadeurs yn it Waadgebiet, oftewol fan stêd oant see.

Foto: Stifting Fitale Waadkust

Yn jannewaris 2023 binne santich kursisten úteinset mei teorylessen oer de skiednis, it lânskip, de lânbou, de natuer en de taal fan de Waadkust. En – ek wichtich – oer didaktyk. Al dy kennis moat aanst goed oerbrocht wurde. In groep dosinten lykas Meindert Schoor, Renate de Backere, Josse Pietersma, Lydia Barkema, Goffe Jensma en Douwe Kootstra hat de kursisten yn de matearje meinommen. Der is ek rom omtinken jûn oan lânbou, fiskerij en ekology. Yn totaal binne sechstjin modulen folge en acht ekskurzjes dien, in yntinsyf mar tige learsum trajekt.

De reaksjes fan de kursisten wiene tige entûsjast. De stifting Fitale Waadkust is no drok dwaande mei it ymplemintearjen fan it boekingssysteem, sadat ek de toerist meinommen wurde kin yn it prachtige Waadregiogebiet. Underwilens is oan 47 kursisten it sertifikaat ‘Gouden Gidsegilde’ útrikt. En de stifting wol nei it ôfrûnjen fan de proef graach fierder mei de kursus en is dwaande mei de tariedingen foar seizoen 2024.

Foto: Stifting Fitale Waadkust

It Gouden Gidsegilde is in inisjatyf fan stifting Fitale Waadkust yn gearwurking mei It Fryske Gea en de Waadferiening en wurdt mooglik makke troch finansjele stipe fan de Fersnellingsaginda Noardeast-Fryslân.

Sjoch op www.vitalewaddenkust.nl foar mear ynformaasje.

jannewaris 22, 2024 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.