‘Succession’ en ‘The Bear’ grutte winners 75e Emmy Awards

jannewaris 19, 2024 08:17 Fernijd

De searjes Succession en The Bear binne de grutte winners fan de 75e Emmy Awards, de Amerikaanske prizen foar de bêste telefyzjeprogramma’s.

Foto: pixabay.com

HBO-drama Succession foel yn ’e prizen mei syn fjirde en lêste seizoen. De searje giet oer Logan Boy en syn fjouwer bern, dy’t mei-inoar eigner fan in wrâldwiid mediakonglomeraat binne. Yn de searje stride de bern om de opfolging fan Logan as topman fan it bedriuw. Succession wûn yn totaal seis Emmy’s, wêrûnder dy foar bêste dramasearje. It wie de tredde kear dat de searje der mei de wichtichste priis fan troch gie. Akteurs Kieran Culkin en Sarah Snook, broer Roman en suster Siobhan yn ’e searje, krigen in byldsje foar de bêste manlike en froulike haadrol, krekt as in wike earder by de Golden Globes. Matthew Macfadyen waard bekroane mei de ûnderskieding foar bêste manlike byrol, foar it spyljen fan Siobhans partner Tom Wambsgans.

The Bear krige ek seis Emmy’s, wêrûnder dy foar bêste komeedzjesearje. De rige, te sjen op Disney+, fertelt it ferhaal fan in talintearre sjefkok dy’t de broadsjessaak fan syn famylje yn Chicago besiket op te knappen. Jeremy Allen White krige de priis foar bêste komeedzje-akteur foar syn rol as sjef Carmen ‘Carmy’ Berzatto. Syn kollega’s Ayo Edebiri (Sydney) en Ebon Moss-Bachrach (Richie) giene nei hûs ta mei de byldsjes foar bêste froulike en manlike byrol.

By de minysearjes giene de measte prizen nei de Netflix-produksje Beef, oer in ferkearsrûzje dy’t folslein út de hân rint. Beef wûn fiif prizen, ûnder mear foar de haadrollen fan Steven Yeun en Ali Wong.

Elton John
Foar sjonger Elton John wie it ek in bysûndere jûn: hy behelle de saneamde EGOT-status, in wichtige ûnderskieding yn de ferdivedaasjewrâld. Foar syn konsertdokumintêre Elton John Live: Farewell from Dodger Stadium ûntfong er in priis, sadat er no besitter is fan in Emmy, Grammy (muzyk), Oscar (film) en Tony (teater). Hy is de njoggentjinde persoan dy’t alle fjouwer de prizen yn syn libben wûn hat.

De 75e edysje fan de Emmy’s hie eins ferline septimber al holden wurde moatten, mar waard opskood nei jannewaris fan dit jier fanwege in grutte staking fan skriuwers en akteurs ferline jier.

jannewaris 19, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.