Sealterfryske praatgroep yn Strukelje (Strücklingen) giet troch
Resint ferskynd

Foto: Wikipedia – publyk domein
Nei in suksesfol earste jier geane de Boargerferiening Strücklingen, de Advysried Senioaren en it Sealtersk Katolyk Underwiissintrum troch mei de Sealterfryske praatgroep yn it Strücklingen Mandehuus.
Eltse lêste tiisdei fan de moanne kin men ûnder lieding fan Johanna Evers en Clemens Ahrens it Sealterfrysk oefenje. Net allinnich begjinners, mar ek betûfte sprekkers wurde fan herten útnûge. Meidwaan is fergees. Oanmelding by de ûnderwiisynstelling wurdt frege. De earste gearkomste sil wêze op 30 jannewaris, fan 19.30 oant 21.00 oere.
Mear ynformaasje en oanmelde op: www.bildungswerk-saterland.de/Appointments/Detail.aspx?id=389464.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje