Rekôrtal flinters op boerelân teld

jannewaris 28, 2024 08:18 Fernijd

Yn 2023 telden 125 boeren in rekôrtal flinters op en om harren bedriuw. Dat diene se foar it monitoaringsprogramma Boeren Ynsekten Monitoaring Agrarysk Gebiet (BIMAG). Yn dat projekt telle boeren en túnkers sels de dei- en nachtflinters op harren bedriuw. Dy tellingen wurde brûkt om ynsjoch yn it bioferskaat op it plattelân te krijen. Yn dat programma wurdt gearwurke troch De Vlinderstichting, BoerenNatuur en LTO Noard.

Foto: Karin Bermans-Elshof

Underwilens wurdt der fiif jier teld yn it ûndersyksprojekt BIMAG. Boeren sette nachts trije spesjale amers mei in lyts ljochtsje op ferskate plakken op harren bedriuw del. Moarns besjogge se hokker nachtflinters op ’e amers ôfkommen binne en jouwe se foto’s fan de fongen eksimplaren oan De Vlinderstichting troch en litte se dêrnei de flinters wer frij. Yn 2023 is de helte fan alle gruttere Nederlânske nachtflintersoarten op it boerelân oantroffen, it grutste tal sûnt de start fan it projekt.

Boeren nimme ekstra maatregels
Fjouwer op de fiif dielnimmende boeren hawwe ûnderwilens ekstra stappen ûndernommen om harren bedriuw better yn te rjochtsjen foar flinters en hast 90% wol noch mear maatregels nimme. “Boeren sette har foar bioferskaat yn. Dat sjogge we no mei dit projekt ek wer. Dat is ek logysk, want boeren wenje yn it gebiet dêr’t se wurkje. En se jouwe der ek om. It entûsjasme oer it projekt is echt moai om te sjen”, seit Dirk Bruins, foarsitter LTO Noard.

“Der giet in wrâld foar jin iepen as men foar it earst in amer iepen makket”, fertelt ien fan de dielnimmende boeren. “Wy dogge mei foar de boeremienskip, om langjierrige data generearje te kinnen en sjen te litten wat der libbet.” In fruitkweker dy’t dit jier starte dielt dat entûsjasme: “Neat moaiers as in apeltûke te fangen as fruitkweker.”

Langjierrich ûndersyk bliuwt nedich
Om de (nacht)flinterstân goed folgje te kinnen is langjierrich ûndersyk nedich. Yn 2019 hawwe De Vlinderstichting, BoerenNatuur en LTO Noard dêrom de hannen yninoar slein om oant 2027 yn ’e mande mei 150 boeren it bioferskaat te folgjen.

Dit jier is der noch plak foar nije dielnimmers. Boeren dy’t benijd binne hokker wrâld der op harren hiem beskûlgiet en oan ûndersyk op it plattelân bydrage wolle, kinne har oanmelde op vlinderstichting.nl/bimag.

jannewaris 28, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.