Piet Paulusmabrug?

jannewaris 6, 2024 12:45

Ynstjoerd

Doe’t yn Harns de ‘Piet Paulusmabrug’ syn namme krige, hawwe wy ús as wurkgroep dêroer besaud. It wie ien en al Fryske flaggen, mar it wurdsje brêge foar ús waarman koe der net ôf.

Noch gjin healjier fierder docht neffens de krante bliken dat de brêge net foldocht. Hy soe te smel wêze om de kuierders en de fytsers tagelyk oan te kinnen. Fan ’e wike waard yn in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter krante útlein dat de gemeente yn oparbeidzjen mei de omjouwing de brêge oanpasse wol.

It liket ús foar de hân te lizzen de namme dan no ek noch te ferbetterjen yn brêge. De waarman Piet Paulusma hat in soad foar de Fryske taal betsjut. Hy wie nota bene de fêste waarman foar de Alvestêdetocht. Mar ek doe’t er letter lanlik op ’e telefyzje kaam, hat er altiten it Frysk in goed plak jûn. Sa binne der grif mar in pear Nederlanners dy’t de groet ‘Oant moarn’ net oan Piet Paulusma keppelje kinne.

Bêste gemeenteried fan Harns, as jimme dochs nochris oer dy brêge gear sille, meitsje der dan ek fuort Piet Paulusmabrêge fan. Fansels moat de foarnamme neffens de Gemeentlike Basis-adminstraasje as Piet skreaun wurde.

Topografyske Wurkgroep Fryslân
towufrysk@knid.nl

jannewaris 6, 2024 12:45
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wieke jannewaris 6, 17:15

    Fansels heart it Piet Paulusma brêge te wêzen. Dat leit foar de hân. It Sil in grutte flater wêze as it net sa wêze Sil!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.