Pier Bergsma: Oer talen, Darwin en de toer

jannewaris 25, 2024 08:00

Kollum

Pieter Breughel de Alde, 1568. Publyk domein

Ortodokse Joaden hawwe grif net in soad op mei de opfettingen fan de Britse opperrabyn Jonathan Sachs (1948-2020). Hy spruts him net allinne út tsjin al te beheinde opfettingen fan de Thora, mar ek tsjin religieus geweld.

As jonkje fan in jier of tsien kaam ik foar it earst yn museum Boymans-van Beuningen yn Rotterdam  Ik hie in muoike yn dy stêd,  sadwaande.  Yn dat museum hinget fan Pieter Breughel de Alde it skilderij “De toer fan Babel”. Der is in soad op te sjen. In hege toer dy’t oant yn de wolken rikt mei hûnderten minsken dy’t drok dwaande binne. Neffens de Bibel hiene dy minsken allegearre deselde taal. Yn Genesis 11, ‘De spraakbetizing fan Babel’, wurdt ferteld dat de minsken har nei de sûndfloed yn it lân Sjinear te wenjen setten: “Alle minsken hienen ien taal en brûkten deselde wurden. Doe seinen se tsjin elkoar: “Kom lit ús tichelstien meitsje en dy goed trochbakke en lit ús in stêd bouwe, mei in toer dêr’t de spits fan yn ’e himel rikt.”

Yn dy âlde ferhalen komt God sels sa no en dan ris del om te sjen hoe’t it giet mei it minskdom. De Heare fynt it mar neat. Wat miene se wol net. “Dit is noch mar it begjin, skielk is har neat mear ûnmooglik. Kom lit ús har taal betiizje, dat de iene de oare syn taal net mear ferstean kin. Sa ferstruide de Heare har dêrwei de hiele ierde oer en hja hâlden op de stêd te bouwen.” En sa binne, neffens de Bibel, de ferskillende talen ûntstien. De Britse opperrabbyn Jonathan Sacks (1948 – 2020) jout in hiel oare útlis oan it ferhaal. Ortodokse Joaden sille him dat kwea nimme. Neffens him hat God neat op mei mear fan itselde. It is just de bedoeling dat minsken faninoar ferskille, ferskillende talen prate en harren eigen opfettingen hawwe. It giet derom dat minsken inoar ferstean, ek al prate se net deselde taal. Hy lit it benammen slaan op it konflikt tusken Israel en de Palestinen, mei in soad begryp foar de lêsten. Hy hold dêrneist ek net op om te warskôgjen tsjin it opkommend antysemitisme yn Europa en feroardiele religieus geweld bygelyks yn syn boek Not in God’s Name: Confronting Religious Violence út 2015.

Der wurde tûzenen talen praat. Minsken binne echte taaldieren. It liket my ta dat it ien fan de meast opfallende skaaimerken fan it sûchdier minske is. Troch de tiid hinne is der neitocht oer de oarsprong fan talen. Dat ferhaal út Genesis is lykas al dy oare aparte ferhalen oer it Paradys, de grutte floed, de ferhalen oer Abraham en Moazes troch  minsken betocht en net basearre op de werklikheid. Hoe’t it krekt gien is mei de ûntjouwing fan taal, dat witte we net. Doe’t minsken lang ferlyn yn Afrika út de beammen kamen, rjochtop begûnen te rinnen en nei it noarden giene, wie it grif fan grut foardiel dat hja mei-inoar kommunisearje koene. De  minsklike mûle, tonge en strôtbal binne derop boud en troch de tiid hinne sil it praten hieltyd better gien wêze.

Lokkich hawwe wy dy ‘bûter, brea en griene tsiis’-perioade efter ús.

It is sûnt Charles Darwin dat minsken nei begjinne te tinken oer de eftergrûn fan kommunikaasje en taal yn it ljocht fan syn wearde om te oerlibjen. It seit himsels dat minsken dy’t mei oaren prate koene, ek mei minsken fan in oare taal, mear kâns hiene om yn de oertiid te oerlibjen as guon dy’t dat net koene. De harsens fan minsken binne ynrjochte op it learen fan taal en talen. Bern leare sûnder problemen mear as ien taal. Grutten hawwe der mear muoite mei, benammen dêr’t it om in goede útspraak giet. Omdat minsken groepsdieren binne, dy’t allinne oerlibje kinne mei oaren, hat taal ek in ferbinende funksje. Wa’t “bûter, brea en griene tsiis” sizze koe, hearde by de Friezen. Dat wie yn de tiid dat soks om te oerlibjen fan belang wie. Lokkich hawwe wy dy ‘bûter, brea en griene tsiis’-perioade efter ús. Sa lyts hoecht de wrâld net mear te wêzen. Mar sawol ferskaat as ferbining hat wearde foar oerlibjen!

Der is in grut tal soarten gers en sa binne der ek in soad talen en in protte ferskillende minsken. Gelokkich mar. It is dúdlik dat we mei it Ingelsk mear minsken berikke as mei it Nederlânsk en mei dy taal wer mear as mei it Frysk. De romte yn ús holle is gelokkich grut genôch foar mear talen. Sa kinne we ferbining hâlde mei ús eigen Fryske mienskip, mei ús naasjesteat Nederlân en as it derop wierret ek mei it bûtenlân. It komt derop oan dat men inoar de romte jout om in eigen taal te praten en dat men net bout oan sa’n ientalige toer fan eigen gelyk en heechmoed.

Dizze bydrage stie earder yn in wat oare foarm yn Swingel fan juny 2012. It lêste nûmer fan dat magazine fan de Ried fan de Fryske Beweging kaam út yn july 2017.

jannewaris 25, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.