Optimisme oer takomst frisistyk

jannewaris 24, 2024 11:18

Tiisdei 23 jannewaris wie op it Provinsjehûs yn Ljouwert de presintaasje fan it ûndersyk fan de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW) oer de takomst fan in universitêre oplieding Frysk. Yn in folle Steateseal krige deputearre Eke Folkerts it rapport oanbean fan heechlearaar Keimpe Algra fan de Universiteit Utert, dy’t lieding joech oan it ûndersyk.

Deputearre Folkerts kriget it rapport oanbean troch Keimpe Algra (foto: Nynke Beetstra)

In wichtich advys is dat der wer in folweardige, universitêre oplieding Frysk komme moat. De provinsje Fryslân striidt dêr al jierren foar en deputearre Folkerts sei dat se bliid wie dat ek oare minsken ta dy konklúzje komme. Se wie ynnommen mei de advizen oer de takomst fan dy iene rykstaal. Net de twadde rykstaal, mar ien fan de beide rykstalen murk se dêrby fyntsjes op.

In stikmannich oare minsken wie útnûge om in bydrage oan de middei te leverjen. Sa sei ek Thony Visser, dekaan fan de letterefakulteit yn Grins, dêr’t no noch in útklaaide ferzje fan de stúdzje Frysk ûnder falt, mei in heechlearaar foar twa dagen wyks (Arjen Versloot), dat se bliid wie mei it advys. Se seach sels mooglikheden foar de komst fan in bachelor nei Campus Fryslân. Heechlearaar Keltyske talen Peter Schrijver fan de Universiteit Utert, woe hawwe dat allinnich folslein Frysktalich ûnderwiis en in folslein Frysktalige oerheid de efterútgong fan it Frysk keare kinne.

Ut de diskusje mei de seal kamen noch inkelde opmerkingen en tips út de praktyk nei foaren. Yn de polityk liket it Frysk op dit stuit de wyn mei te hawwen, foaral yn de Twadde Keamer. Yn it fuortset ûnderwiis bestiet noed en soarch oer in grut tekoart oan learkrêften mei it foech Frysk.

Konklúzje: it rapport fan de KNAW is mei entûsjasme ûntfongen yn de Fryske wrâld. It is no oan ûnder oaren de polityk om der hannen en fuotten oan te jaan. En jild.

jannewaris 24, 2024 11:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.