Oargelkonsert troch Auke de Boer op 12 jannewaris yn Doarpstsjerke Huzum

jannewaris 2, 2024 08:17 Fernijd

De klanken fan it fraai restaurearre oargel fan Doarpstsjerke Huzum binne op 12 jannewaris wer te hearren. Auke de Boer (Drachten, 1954) studearre oargel by Jan Jongepier en fierder koardireksje, tsjerkemuzyk en skoalmuzyk; letter klokkespul oan de Nederlandse Beiaardschool yn Amersfoart by Bernard Winsemius.

Auke de Boer (eigen foto)

De Boer wie muzykdosint oan it CSG Liudger yn Drachten. Dêrnjonken is er stedskariljonspiler fan Dokkum en oargelist oan de Grutte of Martinitsjerke yn Dokkum. Hy jout ek kursussen tsjerkemuzyk.

Reade tried yn it konsert op 12 jannewaris is ‘De wrâld yn it rûn op ’e siik nei de tokkata’. De tokkata’s fan Bach of Widor binne oargelwurken mei in firtuoas karakter, mar de oarsprong fan de tokkata leit yn de 16e iuw. Njonken firtuoaze binne der ek ynbannige tokkata’s. Praetorius neamt it yn syn Syntagma musicum (1615) in spylstik foar in toetsynstrumint, te ferlykjen mei it preludium en mei as skaaimerk in boartlike, kwasi-ymprovisatoaryske ynslach. Auke de Boer nimt it publyk mei op in reis troch ferskate lannen om de tokkata yn ferskillende fasetten te beharkjen.

Nigethawwers binne fan herten wolkom foar in oere oargelklanken. De oargelkonserten binne fergees tagonklik, mar in frijwillige bydrage foar de musisy wurdt tige op priis steld. In kopke kofje of tee jildt € 2. Wa’t op tiid komt, kin in moai plak útsykje. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein tsjin de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Mear ynformaasje is te finen op www.dorpskerkhuizum.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum.

jannewaris 2, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.