No sneon start kaartferkeap Slachtemaraton 2024

jannewaris 10, 2024 08:17 Fernijd

Sneon 13 jannewaris, om 8.00 oere moarns, set de kaartferkeap foar de Slachtemaraton fan 2024 útein. Yn totaal kinne 15.000 kuierders en hurdrinners har foar de sechde edysje ynskriuwe.

Boarne: Slachtemaraton

Kaartsje fia ynternet of oan it loket keapje
De kaartferkeap foar de Slachtemaraton is online fia de webside www.slachtemarathon.nl. Minsken dy’t muoite hawwe om it ynskriuwformulier foar kuierders of hurdrinners yn te foljen, kinne op 13 jannewaris tusken 8.00 en 12.00 oere telefoanysk kontakt opnimme mei de organisaasje fan de Slachtemaraton op telefoannûmer 058 – 2038019. Elkenien is op 13 jannewaris ek fan herten wolkom yn Raerd, dêr’t de ynskriuwing persoanlik regele wurde kin. De ynskriuwer moat dan wol in bankpas en e-reader meinimme. Yn it gebou fan Stichting Doarpswurk yn Raerd sit de hiele moarntiid in ploech klear om te helpen. Nei 12.00 oere kinne minsken harren fragen stelle fia info@slachtemarathon.nl. Op dy webside is ek in aktualisearre list mei in protte stelde fragen te finen.

Nije Kromme (Slachtebrêge) by Wommels (foto: Wikipedy/Bayke de Vries – CC BY-SA 3.0)

Muzyk, kultuer en spektakel op histoaryske rûte
Nei acht jier komt op 15 juny 2024 it evenemint Slachtemaraton op de histoaryske Slachtedyk werom. Der wurdt rûn fan de seedyk by Easterbierrum ôf oant it hert fan Fryslân yn Raerd. Dielnimmers wurde ûnderweis ferrast troch 42 kilometer oan kulturele uteringen, lykas muzyk, en spektakel. Foar it earst is der dit jier ek in heale maraton foar hurdrinners, dy’t by Wommels start. Krekt as de Alvestêdetocht is de Slachtemaraton in grutte tradysje.

Datum kaartferkeap: Sneon 13 jannewaris 2024;
Lokaasje: Stichting Doarpswurk, Buorren 28 te Raerd.

Yn july 2000 waard yn it ramt fan Simmer 2000 foar it earst in maraton oer de âlde dyk holden. Dêrmei waard de tradysje fan de Slachtemaraton berne.

jannewaris 10, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.