Nije filmbylden Alvestêdetocht 1942 mei trije fluchste froulju ûntdutsen

jannewaris 18, 2024 09:12

It Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) hat nije filmbylden fan de Alvestêdetocht fan 1942 ûntdutsen. It binne bylden fan de trochkomst yn Frjentsjer en de einstreek yn de Prinsetún yn Ljouwert. Ekstra bysûnder is dat beide fragminten de rapste froulju fan dy tocht sjen litte.

Antje Schaap yn Frjentsjer (boarne: FFAA)

Yn Frjentsjer stiet Antje Schaap, de lettere winneres, radioferslachjouwer Herman Felderhof fan de Nederlandsche Omroep te wurd en ride efterfolgers Wopkje Kooistra en Sjoerdtsje Faber efkes letter mei in groep manlju foarby. Yn Ljouwert sjocht men Antje mei blommen njonken foarsitter Mindert Hepkema troch it publyk skeuveljen. Koart dêrnei folget de kamera ek Sjoerdtsje Faber en Wopkje Kooistra, de nûmers 2 en 3 fan de tocht fan 1942, by de einstreek, ek yn ’e blommen.

De bylden fan de trochkomst yn Frjentsjer waarden ferline wike ûntdutsen. Se steane op in film fan de famylje Sinnema fan Frjentsjer. Se dûkten op by it digitalisearjen fan ferskate amateurfilms mei de nije, profesjonele filmscanner fan Dútske makkelij, dy’t it FFAA mei subsydzje fan de Provinsje Fryslân koartlyn oanskaffe koe.

Wopkje Kooistra (l.) en Sjoerdtsje Faber (boarne: FFAA)

De Alvestêdetocht fan 1942 waard op 22 jannewaris holden. It wie de tredde efterinoar. Winner by de manlju wie Sietze de Groot, dy’t yn in einsprint oan it langste ein luts en de tocht yn in rekôrtiid fan acht oere en 44 minuten folbrocht. Hy waard folge troch Durk de Jong en Jan van der Bij. Hoewol’t de froulju net oan de wedstriid meidwaan mochten, giene de winneressen fan 1940 en 1941, Sjoerdtsje Faber en Wopkje Kooistra, de striid oan mei nijelinge Antje Schaap fan Wurdum. Antje wûn en helle sels ferskate wedstriidriders yn. Hja ried de tocht yn njoggen-en-in-heal oere, in absolute topprestaasje. Dêr moat wol by fermeld wurde dat Antje mei har bruorren ‘oan ’e stôk’ ried, wat yn ’e eagen fan Sjoerdtsje en Wopkje, dy’t in healoere letter yn Ljouwert oer de streek kamen, net hielendal earlik wie.

Antje Schaap en foarsitter Mindert Hepkema (boarne: FFAA)

Hoewol’t de bylden yn ’e Twadde Wrâldoarloch makke binne, is fan de Dútske besetter net folle te sjen. Hiel koart by de einstreek draait de kamera nei Werner Friedrich Ross, de heechste Dútske militêr yn Fryslân. De Dútsers hiene drige om hurd tsjin anty-Dútske uteringen by de tocht op te treden. Dat bliek effektyf te wêzen. Mar Dútske fertsjintwurdigers waarden by de einstreek troch it bestjoer fan de Alvestêdeferiening skoudere, wat foarsitter Hepkema in útbrommer oplevere.

De bylden fan de trochkomst yn Frjentsjer binne makke troch Ymen Pieters Sinnema en dy fan de einstreek yn Ljouwert troch Ruurd Rodenburg. Toskedokter Rodenburg (De Gordyk, 1908) is bekend fan ferskate filmopnamen yn Ljouwert ûnder de besetting. Hy wie in reedridersleafhawwer en jierrenlang bestjoerslid fan de Keninklike Feriening De IIsklup yn Ljouwert, dêr’t er ek ferskate filmopnamen fan hurdriderijen makke.

Besjoch hjir de fragminten út beide films mei de unike Alvestêdetochtbylden:

jannewaris 18, 2024 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.