Nasjonale Foarlêsdagen mei fergees Tomke-boekje

jannewaris 20, 2024 08:19

Boarne: Afûk

Fan 24 jannewaris o/m 3 febrewaris wurde de Nasjonale Foarlêsdagen holden. Yn dy perioade is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0 o/m 6 jier. Yn de biblioteken leit dan foar alle pjutten in fergees Tomke-boekje fan Reina&Greetje klear.

Mei de Nasjonale Foarlêsdagen stiet alle jierren in printeboek sintraal, dit jier is dat Help! Een verrassing! fan Miriam Bos. Spesjaal foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen is by dat boek in lesbrief makke, mei dêryn in Fryske oersetting fan dat boek. Yn de lesbrief steane fierder aardige suggestjes foar aktiviteiten om it printeboek hinne.

De lesbrief fan dit jier is hjir del te heljen. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Nasjonale Foarlêsdagen op: www.nationalevoorleesdagen.nl.

jannewaris 20, 2024 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.