NASA-rover befêstiget fynst sedimint dat op oerâlde mar op Mars wiist

jannewaris 27, 2024 09:29

NASA-rover Perseverance hat data sammele dêr’t it bestean fan oerâld sedimint fan in mar op Mars mei befêstige wurdt. Dat docht bliken út in ûndersyk dat freed publisearre is. Dat stientme ûntstiet troch it besakjen fan troch it wetter meifierd sân en blabze yn de Jerezo-krater.

Perseverance (byld: NASA/JPL-Caltech)

Earder waard troch it brûken fan bylden út de romte al tocht dat der ea wetter op Mars west hawwe moast, dêr’t mooglik mikro-organismen yn libben. Oan ’e hân fan radarwaarnimmingen fan Perseverance, dy’t yn de grûn trochkrongen, is dat no befêstige. De befiningen fersterkje wat eardere stúdzjes al lang suggerearren: dat de kâlde, toarre, libbenleaze Mars ea waarm, wiet en miskien foar minsken bewenber wie.

Yn 2022 hat de rover, doe’t dy oer de boaiem fan de krater nei in oangrinzjend gebiet ried, ferskate bylden makke. Dat gebiet liket út de romte wei sjoen op opdrûge rivierdelta’s lykas op de ierde, sa docht bliken út it mienskiplik ûndersyk fan de universiteiten fan Kalifornië en Oslo. Tanksij de peilingen fan it RIMFAX-radarynstrumint fan de rover koene wittenskippers ûndergrûnsk sjen. Dêrmei krigen se in dwerstrochsneed fan rotslagen oant tweintich meter djipte.

Perseverance op Mars (foto: NASA/JPL-Caltech)

Trije miljard jier âld
Dy lagen binne foar de wittenskippers it bewiis dat der ea in rivier nei de krater rûn, krekt as dat op ierde ek mei marren bart. De wittenskippers sjogge út nei in djipgeand ûndersyk nei it besinksel yn ’e krater, dat nei alle gedachten sa’n trije miljard jier lyn foarme is. Yn 2022 ferraste Perseverance wittenskippers al nei de analyze fan boaiemmeunsters. De boaiem fan de reade planeet blykt op it ûndersyksplak oars gearstald te wêzen as tocht waard. Om’t der 3,5 miljard jier lyn wetter yn it gebiet wie, tochten de ûndersikers dat de boaiem dêr út sedimint bestean soe. Yn stee dêrfan trof Perseverance lavastientme oan.

Dochs hoege de resultaten fan de twa ûndersiken inoar net yn it paad te stean. Want de fulkanyske rotsen fertoanden tekens fan feroaring troch bleatstelling oan wetter. Wittenskippers redenearren yn 2022 dat it sedemint op dy plakken mooglik fuort erodearre is. Ut de juster rapportearre radarmjittingen docht yndied bliken dat der tekens fan eroazje binne fan foar en nei it foarmjen fan de lagen fan besinksel oan de westlike kant fan de krater. Neffens ien fan de wittenskippers is dat it bewiis fan in komplekse geologyske skiednis.

jannewaris 27, 2024 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.