Muzikale lêzing yn Oentsjerk troch Frits de Lange en Eessa Frieman

jannewaris 29, 2024 08:13 Fernijd

Frits de Lange en Eessa Frieman (boarne: Centrum Quo Vadis)

Op freed 2 febrewaris 2024, om 20.00 oere wurdt in muzikale lêzing holden troch Frits de Lange en sjongeres Eessa Frieman yn Pro Rege yn Oentsjerk.

Frits de Lange, mjirkes heechlearaar etyk, hâldt him al jierren dwaande mei fragen oangeande libbensbeskôging, leauwe, etyk en spiritualiteit. Der komt in protte op âlderen ôf. Mieningen, fyzjes, ynformaasje, stânpunten. Hoe âlder minsken wurde, nammerste minder lykje se it yn ’e greep te hawwen. Wat moat men dwaan? Aktyf bliuwe, weromlûke, kieze …?

De Lange skriuwt:
‘De oarloch yn Oekraïne, de koroanapandemy, de klimaatkrisis – it besef dat de wrâld net te meitsjen is, kringt him ûnûntkomber oan ús op. Wy hawwe it libben net yn ’e hân. Dat makket ús soms ûnwis, ûngerêst en bang. Hoe kin men no noch folút ja sizze tsjin it libben?

Frits de Lange (boarne: Centrum Quo Vadis)

Eartiids moasten we alles nimme sa’t it kaam. De Foarsjennichheid of it lot skode ús wat ta. As moderne minsken beklammen wy dêrnei ús eigen selsstannigens en tochten we dat wysels de wrâld nei ús hân sette koene. Dat mislearre. Dizze iuw freget om in oare hâlding. Om in nije relaasje mei de wrâld om ús hinne, mei de planeet dêr’t we op wenje. Sûnder eangst foar it frjemde of ûnbekende.’

Hoe dan?
Mei syn boek Overweldigend, Leven met wat je niet in de hand hebt (Ten Have, 2023) giet er op ’en paad mei in lêzing dêr’t er middenmank alle fragen en ûnwissicheden in wei yn siket. Hy docht dat tegearre mei sjongeres Eessa Frieman, dy’t er op gitaar begelaat, mei ynkringende lietsjes fan ûnder mear Maarten van Roozendaal, De Dijk en Leonard Cohen. Lietsjes oer hoe prachtich en ferskriklik it libben wêze kin.

Sjoch op www.fritsdelange.nl foar mear ynformaasje.

jannewaris 29, 2024 08:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.