Marrit Jellema is de nije Stedsdichter fan Ljouwert

jannewaris 31, 2024 10:11

Marrit Jellema is de nije Stedsdichter fan Ljouwert. Oant jannewaris 2026 skriuwt se oer Ljouwert en reflektearret se op wat der libbet. Hja jout wurden oan wichtige barrens yn ’e gemeente Ljouwert en oan it gefoel dêroer.

Marrit Jellema (foto: ©Mitch de Pon)

Kultuerwethâlder Hein Kuiken makke tiidsdeitejûn yn ’e Westertsjerke de namme fan de nije Stedsdichter buorkundich. Hja waard troch in fiifkoppige sjuery keazen. De sjuery wie it by einbeslút iens oer de kar, stiet yn it sjueryrapport: ‘Marrit joech in útfiering by de sollisitaasje dy’t in protte yndruk makke. Lykas in sjuerylid sei: “Hja azemet poëzy.”’ Dêrneist presintearre se in wiidweidich plan om wurdkeunst/poëzy tichter by ferskate doelgroepen yn ’e gemeente Ljouwert te bringen. ‘Hja hat in sterk netwurk en hat in helder byld by wat se berikke wolle soe’, seit de sjuery yn it rapport.

Fjirtjin oanmeldingen
De sjuery keas Marrit Jellema út fjirtjin oanmeldingen. Nei de earste seleksje bleaune der fjouwer finalisten oer: neist Marrit Jellema wiene dat Ronald Maxim Wijnia, Sannemaj Betten en Hendrik Willemsen. Dy lêste luts him werom. Hy wol him op syn stúdzje rjochtsje en him fierder as dichter en útfierend keunstner ûntwikkelje.

Izersterke kandidaten
Neffens wethâlder Hein Kuiken wie de kar net maklik: “De sjuery moast út izersterke kandidaten kieze. Dêr meie we ús yn Ljouwert tige lokkich mei priizgje; dat we safolle literêr talint yn ús fermidden hawwe. Dat binne we as City of Literature ek oan ússels ferplichte, mar it jout ek betrouwen yn ús takomst, dat skielk noch in protte Stedsdichters it stokje oernimme kinne.”

Oer de nije Stedsdichter:
Marrit Jellema (30) wûn yn 2019 in Spoken Award yn ’e kategory teksten. Yn juny 2021 kaam har sprutsen wurd-debútalbum superpersoonlijk út en yn septimber 2021 stie se yn ’e finale fan it NK Poetryslam. Begjin 2023 kaam har twadde album út: Voor Altijd. Se folge fan april 2021 oant febrewaris 2023 it Urban Arts Talent-trajekt fan it fûns foar kultuerpartisipaasje om harsels as artyst fierder te ûntwikkeljen. Hja jout geregeld wurkateliers poëzy en sprutsen wurd, organisearret yn gearwurking mei Explore The North en City of Literature Ljouwert it sprutsen wurd-evenemint Hoge Woorden en stiet op poadia troch hiel Nederlân.

Mear ynformaasje
Sjoch foar mear ynformaasje oer de Stedsdichter op www.leeuwarden.nl/stadsdichter.

Marrit Jellema (foto: ©Mitch de Pon)

jannewaris 31, 2024 10:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Albert Schaafsma jannewaris 31, 11:07

    Ik kin d’r folslein efterstean, efter de beneaming fan Marit Jellema ta stêdsdichter fan Ljouwert. Hja hat har geweldich ûntwikkele…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.