Japanske moannelâner docht it wer nei problemen mei stroomfoarsjenning

jannewaris 29, 2024 13:09

De Japanske moannelâner SLIM is wer operasjoneel nei’t dy dagen lang stillei troch in swierrichheid mei de stroomfoarsjenning. Dat skriuwt romtefeartorganisaasje JAXA op X. By dat berjocht stiet in foto fan in rots dy’t de namme Toypoedel krige hat, nei it hûneras mei deselde namme.

Shioli-krater op ’e moanne (foto: James Stuby/NASA – publyk domein)

Japan slagge der as fiifde lân yn om in romteskip nei de moanne te stjoeren. Nei de suksesfolle lâning waard de lâner, dy’t sa grut as in auto is, útskeakele om’t de sinnepanielen net goed wurken. Dy koene gjin stroom opwekje om’t de sinnesellen fan de sinne ôf rjochte wiene. De fraach wie hoelang’t kommunikaasje mei de ierde mooglik wie. De lâner draaide op batterijen dy’t nei in pear oeren leech wêze soene. Dêrom skeakele JAXA de moannelâner út, oant de hoeke fan it sinneljocht feroare wie, en soe in wike letter bekend meitsje oft SLIM mei syn misje fierder koe. Dat is no dus bard.

SLIM sil moannestiente ûndersykje om mear te witten te kommen oer de oarsprong fan de moanne. Japan wol in gruttere rol yn ’e romte spylje. It wurket dêrby mei de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA gear. It is de bedoeling dat yn ’e kommende jierren in Japanske astronaut foet op ’e moanne wet as lid fan it Artemisprojekt fan NASA. Dat hat as doel om mear minsken nei de moanne te bringen.

jannewaris 29, 2024 13:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.