Japan parkearret moannelâner op moanne; sinnepanielen wurkje net

jannewaris 21, 2024 08:16

Japan is der as fiifde lân yn slagge om in romtereau nei de moanne te bringen, mar it is net dúdlik oft it dêr funksjonearje kin. De sinnepanielen wurkje nammentlik net, sei in wurdfierder fan de nasjonale romtefeartorganisaasje JAXA.

Shioli-krater op ’e moanne (foto: James Stuby/NASA – publyk domein)

Salang’t de batterijen noch wurkje is der kommunikaasje mei de ierde mooglik en kinne ek ynstruksjes nei it reau SLIM stjoerd wurde, mar dy binne nei in pear oeren leech. JAXA hat dêrom de moannelâner útskeakele om stroom te sparjen. De data dy’t SLIM nei de ierde stjoerd hat, wurde analysearre. JAXA wol oer in wike buorkundich meitsje wat dêr útkommen is.

SLIM lâne freed om 16.21 oere Nederlânske tiid. De animaasje dêrfan wie streekrjocht op it YouTubekanaal fan JAXA te folgjen. Dêrnei ûntstie it fermoeden dat der eat net yn ’e heak wie, want it duorre twa oeren foar’t JAXA de parse te wurd stie.

SLIM is likernôch sa grut as in persoane-auto. It wie de bedoeling dat it romtereau op minder as hûndert meter fan syn doel delkomme soe. Dat wie de lannen dy’t earder nei de moanne giene, nea slagge. Oft de Japanners der wol yn slagge binne, moat noch fêststeld wurde. Dat duorret noch in moanne, seit JAXA. SLIM moat moannestientme ûndersykje. JAXA tinkt dat de lâningstechnyk dy’t brûkt is, nuttich wêze sil by it sykjen nei soerstof, brânje en wetter op de heuveleftige poalgebieten fan de moanne. Oan board wiene twa robots. Ien dêrfan hat, as it goed is, de lâning fêstlein.

Japan wol in gruttere rol yn ’e romte spylje. It wurket dêrby gear mei de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA. It is de bedoeling dat earne yn de kommende jierren in Japanske astronaut foet op ’e moanne set as lid fan it Artemis-projekt fan NASA. Dat hat as doel om mear minsken nei de moanne te bringen.

Earder slagge it de Feriene Steaten, Sovjet-Uny, Sina en Yndia om in lâning op ’e moanne ta in goed ein te bringen. Dat dat noch lang gjin rûtinekarwei is, die ferline jier bliken doe’t trije kear it besykjen mislearre. Ien kear dêrfan gie it om Ruslân.

jannewaris 21, 2024 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.