Jan Schokker: Fanatike fûgels

jannewaris 27, 2024 08:00

Kollum

Moai stikje yn de media oer Jeen van den Berg, in pear wike lyn. It gie oer fanatisme, oer it jinsels hielendal weisiferje kinnen, it opsykjen fan de boaiem fan jins krêft en úthâldingsfermogen en dêr dan noch ûndertroch te kinnen ‘mei it ferstân op nul en de eagen op ûneinich’. Dêr moat men karakter foar ha, oars wint men gjin Alvestêdetocht. Soks moat oanberne, wat sei, oererve wêze. Ik ha Van den Berg meimakke op It Hearrenfean as trainer by KV Blauw Wit en as learaar op skoalle. Fansels seagen we allegearre by ús held op, mar it wie ek in o sa sympatike man en dy kombinaasje is altyd wer in ferrassing.

Is it fanatyk wêzen in goeie karaktertrek? Ik soe sizze fan wol. It sil ommers faak fertuten dwaan. In doel ha en der dan werklik alles foar oan ’e kant sette. As soks net yn de minsken siet, libben we no noch yn it stiennen tiidrek. Ik ha der bewûndering foar. Mar wêr leit de grins?

Us pake- en beppesizzers sitte bytiden hiel stil en konsintrearre oan de keukenstafel. Fan en ta kinne se dan wolris fatsoenlik antwurdzje op in fraach fan pake of beppe oer skoalle, famylje, sport of doarp. Fierders binne se foaral drok mei harren mobyltsjes of mei oar blikskatersk digitaal ark. Op sa’n stuit sette wy it Mens-erger-je-netspultsje pontifikaal op ’e tafel. Net folle letter is it oarloch. Healgeare stoere wurden knalle troch de keuken, rôljende dobbelstiennen wurde wylde projektilen, de piontsjes fleane ús om ’e earen en pake en beppe binne spitige en skeetske rivalen wurden. Manjefyk dat se winne wolle, mar hoe faak net manipulearje se hiel tûk de dobbelstien en leit der ynienen in oar tal eagen oan de boppekant, meastentiids in seis. Pake en beppe moatte der boppe-op sitte, oars is der hielendal gjin kâns op noch in geunstich resultaat. Aldergelokst sit der, djip yn it besinksel fan de âldsjes, noch kriich foar resultaat en op dit medium wol ik wol tajaan dat iksels ek mear as ien kear om de bulten sprongen ha.

No ja, mei dat selskipsspul gie it noch, mar mei krysttiid hiene we betocht dat de bern in kear itselde spultsje spylje koene sa’t wy dat mei de grutte bern en oantrouden wend binne te spyljen. De man trije kadokes keapje, allegearre om de tafel sitte, in dobbelstien derby en de striid kin begjinne. By in ‘ien’ in pakje útsykje, by in ‘fiif’ it pakje útpakke en sa sit ûnder elk oantal eagen in spesifike opdracht. Bygelyks om in sit op te skowen en de pakjes stean te litten of om in pakje werom te lizzen. Guon spilers krije sa in protte kadokes, mar oaren inkeld ien of hielendal neat. In fan tefoaren ôfprate tiid betsjut de fêste en ûnûntkombere ein. It is in alderaardichst spultsje, mar it hellet by de spilers djip minsklike karaktertrekjes nei boppen. Want se wolle fanatyk krekt dat iene banale dinkje ha, sa as in stik ark of in fleske wyn, wylst se harren suterich pakje kearsen stomme graach wer kwyt wolle.

It earst setten allinne de fjouwer pakesizzers útein mei it spul. Aardige dinkjes kamen út it krystpapier, earbeltsjes, eardopkes, bernefjoerwurk, filtstiften, bekers, sokken, mûtsen en mear fan sok guod. It ferdielen fan de pakjes gie noch rêstich, mar it útpakken gie al need. As wiene it wylden. Se jutten inoar op om rap te goaien mei de dobbelstien en by it wikseljen fan in sit gie der gauris in stoel oer de kop. In pakje weijaan oan neef of nichtsje gie slim tsjin it aard fan it bern yn, mar benammen by it fan plak wikseljen en de hiele heap pakjes yn ’e steek litten wie skokkend. De heiten en memmen moasten geregeldwei yngripe en de tiid waard alweroan bysteld, want der moast gjin ûngemak fan komme. Wat tichter by de eintiid, wat mâler it gie. Se raasden deroer, op de stuollen sitte diene se al lang net mear. It wie mar goed dat dit feest fan ferieniging net te lang mear duorre.

Ik hold my kreas tebek en dolde wat yn it ferline. Gie it der eartiids ek sa om ta? Ik koe my inkeld wat opskuor yn it sin bringe by ús flauwe Sinteklaasgekoanstekkers en stikelige rymkes. Dit hjir mei ús bernsbern joech hiel wat mear opskuor. Fan de pedagogen om ús hinne soe ús tradisjoneel famyljespultsje wis gjin haadpriis foar foarming en edukaasje krije. Mar sjoch, doe’t de tiid fan it spultsje lang om let op nul stie en de bern ruilje of útûnderhannelje mochten, joegen se samar dat wei dêr’t se efkes tefoaren noch sa fanatyk efteroan jagen.

Soe barmhertigens ek oererve wêze?

jannewaris 27, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.