“It begjin dat foarút wol”

jannewaris 30, 2024 16:12

De grutte gedichtejûn fan Ensafh op 26 jannewaris 2024

Ympresje fan Hein Jaap Hilarides

Lara Kool. Foto Gabrielle Terpstra

Yn in razend tempo komme de dichters foarby. De iene nei de oare stiet achter de mikrofoan midden yn it kafee-restaurant Ferron. De grutte gedichtejûn fan Ensafh, edysje 2024, is diskear op It Fean oan de Lindegrêft. Carla van der Zwaag byt de spits derôf. Fan it earste Alexander Block, seit presintator Anne Feddema. Dat is in wurdspul fan de Gysbert Japicxpriiswinner, fansels.

By Ypie Bakker komt de rêst der wat yn. Sy docht in eigen fertaling fan Lamento fan Remco Campert. Ut ’e holle, en elkenien is mûsstil. Wim de Boer skroeft it tempo wer op mei in Nederlânsk gedicht. Hy swingt troch de tekst en slút ‘selleblok ien’, de wurden fan Feddema, mei faasje ôf.

No komt Zea, Arnold de Boer, de singer-songwriter út Amsterdam, mar opgroeid yn Makkum. Hy sil noch twa kear weromkomme.

Yn it twadde blok sette de dichters de sokken der fuort wer yn. No en dan is der wer in kontemplatyf momint, lykas by it gedicht fan Godelieve Kok. Sy lêst in gedicht foar fan har man, dy’t ferstoarn is. En altyd bliuwe der ek moaie sinnen yn ’e loft hingjen, sa as dizze fan Tanja van Abbema: ‘It begjin dat foarút wol’. De sin is eins eksimplarysk foar de jûn. De gong sit deryn en der binne in soad nije nammen.

Dêrnei is Zea wer oan bar. Hy docht û.o. in nûmer dat bestiet út fjouwer gedichten fan Bert Schierbeek. Arnold de Boer hat der in gitaarriff mei in twingend, suver Afrikaansk ritme ûnder set, ien fan de hannelsmerken fan dy muzikant. Yn in oar liet sit wer in prachtige poëtyske sin: ‘Wat moatte wy dwaan as de himel him stilhâldt?’ De Boer ferwiisde der net nei, mar it wie in tapaslik liet foar de hjoeddeiske tiden.

En dan binne wy al oan selleblok trije ta. Lang en koart wikselje inoar ôf, koartswilich en serieus, Nederlânsk, Súdwestersk, Biltsk, Grinzer Frysk ensafuorthinne.

Yn de skoften praat elkenien mei elkenien gesellich by en de catering is goed fersoarge. Foto Gabrielle Terpstra

De redaksje fan Ensafh kin weromsjen op in tige slagge jûn, takomme jier mar wer!

 

jannewaris 30, 2024 16:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.