Ingelsktalige grammatika Sealterfrysk op Taalportaal

jannewaris 23, 2024 08:21

Op de grammatikawebside taalportaal.org is sûnt woansdei 13 desimber 2023 in Ingelsktalige grammatika fan it Sealterfrysk beskikber.

Foto: Wikimedia Commons/Kening Aldgillis – CC BY-SA 4.0)

De acht mânske haadstikken binne skreaun troch de taalkundigen Eric Hoekstra en Bouke Slofstra fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, dy’t mei Tessa Leppers earder al twa Dútsktalige grammatika’s Sealterfrysk skreaun hawwe. Meikoarten sille fierdere bydragen taheakke wurde, en dêrby komt dan ek in beskriuwing fan de útspraak fan it Sealterfrysk troch taalkundige Stephen Laker fan de Japanske Kyushu Universiteit. De auteursploech hat de ôfrûne jierren ferskillende kearen yn Sealterlân west om mei minsken út it taalgebiet te praten. Dat hat laat ta nije befiningen op it mêd fan de grammatika fan it Sealterfrysk.

Stúdzjes
De wittenskiplik fertsjintwurdiger foar it Sealterfrysk, Henk Wolf fan it Seeltersk-Kontoor fan ‘e Oldenburgische Landschaft – earder wurksum by de Fryske Akademy – inisjearre it projekt en lies en bekommentariearre alle haadstikken foar publikaasje. Hy is tige bliid dat de grammatika no beskikber is. Wolf: “De belangstelling foar Sealterfrysk is wrâldwiid folle grutter as dat in soad minsken tinke. Boppedat sammelje in soad taalkundigen dy’t bygelyks tiidwurden bestudearje, ynformaasje út elke taal dy’t se fine kinne. As grammatikale ynformaasje yn it Ingelsk fergees beskikber is op ynternet, sil it Sealterfrysk yn de takomst folle faker yn cross-linguistyske stúdzjes meinommen wurde.”

Technyske partner
De fjirde projektpartner is njonken de Fryske Akademy, it Seeltersk-Kontoor en de Kyushu University, it Instituut voor de Nederlandse Taal yn Leien dat ferantwurdlik is foar de technyske wurksumheden oan de webside. It Nedersaksyske ministearje fan Wittenskip en Kultuer en it federale ministearje fan Ynlânske Saken makken it wurk finansjeel mooglik. De website taalportaal.org, publisearre yn 2014, is in wichtige boarne fan grammatikale ynformaasje oer de Westerlauwersk-Fryske, Nederlânske en Afrikaanske talen. Sawat fjirtich taalkundigen út ferskate lannen hawwe bydroegen oan de beskriuwingen fan dy talen.

jannewaris 23, 2024 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.