Histoarysk taalkundige leveret bydrage oan útstalling RMO

jannewaris 2, 2024 08:18

Histoarysk taalkundige dr. Alex Kerkhof levere in bydrage oan it talige part fan de útstalling Het jaar 1000, dy’t op dit stuit yn it RMO (Rijksmuseum van Oudheden) te Leien te sjen is. De útstalling giet oer Nederlân yn it midden fan de midsiuwen.

Foto: Fryske Akademy

Yn ’e midsiuwen waarden trije talen sprutsen: Aldfrysk by de kust del, Aldnederlânsk yn it rivieregebiet, Brabân en de Maasstreek en Aldsaksysk oan de Eastkant fan de Isel. Fan it jier 1000 ôf waard it Aldnederlânsk dominant. “De kustbefolking mong it Aldfrysk mei de Aldnederlânske útdrukkingen fan migranten út de rivierestreek dy’t kamen om it fean te ûntginnen”, sa wit Alex Kerkhof. Yn in filmke dat te sjen is it yn it museum, lit Kerkhof hearre hoe’t dy talen doe klonken.

Troch it bestudearjen fan rymwurden yn midsiuwske gedichten is bekend hoe’t it Aldnederlânsk klonken hawwe moat. “Dêrneist kin der sjoen wurde nei histoaryske wetmjittichheden dêr’t klanken fan in taal troch de iuwen hinne troch feroare binne; dy kinne ferlike wurde mei sokke ferskynsels yn besibbe talen”, neffens Alex Kerkhof.

Feroaringen
Healwei de midsiuwen wie it foar Nederlân in tiid fan yngripende feroaringen yn lânskip, befolking, bebouwing, taal en kultuer. Der ûntstie in ‘Nederlân’ dat no ek noch werom te kennen is, mei diken om oanmakke lân hinne, stinzen nei bochten yn rivieren en tsjerketuorren oan de hoarizon.

Utstalling
Wa’t benijd is nei it libben en de talen yn ’e midden fan de midsiuwen, kin noch oant en mei snein 17 maart 2024 terjochte yn it RMO te Leien foar de útstalling Het jaar 1000.

Lês hjirre in earder op It Nijs publisearre besprek fan de útstalling.

jannewaris 2, 2024 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.