Hast ien op trije toskedokters yn Noard-Nederlân hat pasjintestop

jannewaris 8, 2024 08:18

De druk op de toskedokterssoarch nimt gâns ta. Op it stuit kiest sawat ien op de trije toskedokterspraktiken foar in pasjintestop. Opfallend is dat it tal toskedokters de ôfrûne jierren wol tanommen is, mar dat dat net ta mear beskikbere plakken foar pasjinten laat hat. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Independer ûnder goed 4200 toskedokterspraktiken. It is foar in protte Nederlanners no lestich om nei in ferhuzing of by it pensjoen fan harren toskedokter in ferfanger ticht by hûs te finen.

Foto: pexels.com

Hast ien op de trije (30,53%) fan alle ûnderfrege toskedokterspraktiken akseptearret op it stuit inkeld nije pasjinten ûnder strikte betingsten, bygelyks by útwreiding fan de húshâlding, it wer byinoar kommen fan de húshâlding of minsken dy’t byinoar ynlutsen binne. Ut de analyze fan Independer docht bliken dat de problemen har foaral yn lytse gemeenten of lytse stêden foardogge. Opfallend is lykwols dat goed ien op de fiif (22,43%) fan de toskedokters seit just op ’e siik nei nije pasjinten te wêzen. Dat komt foaral trochdat  grutte stêdspraktiken aktyf pasjinten oan it winnen binne.

Grutste tekoart yn Súd-Nederlân
Yn hiel Nederlân binne tekoarten, mar der binne regionaal wol grutte ferskillen. Yn West-Nederlân jout krekt wat mear as ien op de fjouwer toskedokters oan in pasjintestop te hawwen (25,17%). Grut is it kontrast mei Súd-Nederlân, yn dy regio jout nammentlik sels 37,14% fan de praktiken oan foar in part of in folsleine pasjintestop te hawwen. “It is fansels tige ferfelend as men yn de eigen buert of sels it eigen doarp gjin toskedokter fine kin. Wat in protte minsken net witte is dat dan de soarchfersekerder helpe kin. Dy kin men freegje om yn de omjouwing nei in toskedokter te sykjen”, fertelt Independer-soarchekspert Mirjam Prins.

Lytse gemeenten en stêden hawwe grutste probleem
Yn East-Nederlân (36,23%) en yn Noard-Nederlân (29,03%) moatte in protte praktiken de ynstream fan nije pasjinten beheine. Nijsgjirrich detail is dat as de gemeenten ôfset wurde tsjin de yndieling fan it Sociaal Cultureel Planbureau, de problemen it grutst binne yn lytsskalige gemeenten (36,07%), lykas Katwijk, Ede en Barneveld en gebieten mei lytse stêden (34,85%). Dêrta hearre bygelyks Apeldoarn, Breda en It Hearrenfean. Earder dit jier die Independer ek in ûndersyk nei pasjintestops by húsdokters. Dêr die ek út bliken dat yn de lêstneamde gebieten de problemen it grutst binne.

Soarchekspert Mirjam Prins: “It kin benammen foar groanysk siken in grut probleem wêze as se net in toskedokter yn ’e buert hawwe. Tink bygelyks oan in diabetespasjint. Dy hawwe troch in hege bloedsûkerspegel in gruttere kâns op gatsjes en dus ekstra kontrôle nedich. Dat men moat op ’e tiid in toskedokter yn ’e buert sykje dy’t noch romte hat, as men wit dat jins toskedokter mei pensjoen giet. Datselde jildt fansels by in ferhuzing.”

De problemen binne it minst grut yn universiteitsstêden (pasjintestop by 16,67%) en wengemeenten dy’t faak as bloeiend sjoen wurde (18,18%). It falt ek op dat yn de grutte stêden lykas Amsterdam, Grins en Rotterdam just faker in oerskot liket te wêzen. Dêr jout 31,67% fan de toskedokterspraktiken oan aktyf nije pasjinten te sykjen.

Alle details fan it ûndersyk binne hjir te finen.

jannewaris 8, 2024 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.