Hartwert klupkampioen Frysk damjen

jannewaris 15, 2024 10:37

De klupkampioenskippen fan it Dambûn Frysk Spul snein yn Easterein krigen in tradysjonele winner. Lykas sa faak wie Hartwert wer de sterkste, en dat wie dit jier ek knap oertsjûgjend, want de trije wedstriden waarden allegearre wûn. De earste, tsjin Skearnegoutum, sels ferpletterjend, mei 7-1.

Foto: Siebren Dyk

No moat al sein wurde dat De Stadige Strikers twa gefallen fan sykte yn ‘e ploech hiene, en dy moasten oanfolle wurde mei dammers fan dochs wat mindere kwaliteit. Dêrfoaroer wie Hartwert dit jier op folle oarlochssterkte, en dat die ek wol bliken yn ‘e twadde omloop, want in oerwinning mei 6-2 op it ferneamde Aldegea mei der ek wêze. Hoewol, de Aldegeasters hawwe wol bettere tiden kennen. Yn ‘e lêste omloop kamen se tsjin Skearnegoutum net fierder as 4-4, en dat betsjutte degradaasje.

De Hartwerters giene ûnderwilens fol betrouwen de lêste omloop yn. In lyk spul tsjin regearjend kampioen Lollum wie genôch, want de Lollumers hiene yn ‘e twadde omloop mei in lyk spul tsjin Skearnegoutum dochs wol in stek falle litten. Tsjin Hartwert hawwe se eins ek nea echt in kâns hân. It einspul tusken Marten Walinga en de Hartwerter Taeke Kooistra eage foar de omstanners dan wol wakkere spektakulêr, mar beslissend foar it kampioenskip wie it al net mear. Walinga ferlear oars, en dêrmei waard de einstân 5-3 foar Hartwert.

Sa krige it ferrassende klupkampioenskip fan 2023 no foar de Lollumers gjin ferfolch. Likegoed is in twadde plak ek knap. Lollum fiert de lêste jierren in aktyf belied om leden bûten de provinsje te winnen, en dat docht ridlik goed fertuten, al like it twadde boerd foar de Brabanner Ties Slagter dan wer wol wat al te ambisjeus, want de man ferlear alles. Mar de oardel punt op it tredde boerd foar de Uterter Fries om utens Auke Zijlstra koene derop troch, en dat gou al hielendal foar de treddeheal punt dy’t Malte Schulz wer mei weromnaam nei Hamburch.

De ploegen yn ‘e twadde en tredde klasse spilen allegearre in kear tsjininoar. Blauhús wûn de twadde klasse, en dêrmei komt it nei ien jier wer werom op it heechste plan. De oerwinning mei mar leafst 7-1 op neiste konkurrint Hartwert II wie dêrfoar ek dúdlik genôch, mar likegoed moasten de Blauhústers de promoasje noch bewurkmasterje op buordpunten, want se kamen tsjin De Gaastmar en Jorwert net fierder as in lyk spul. Dy útslach wie foar de Jorwerters tagelyk wer krekt genôch om de kampioenstsjelk fan ‘e tredde klasse mei nei hûs ta te nimmen.

Utslaggen en einstannen
Kampioensklasse: Lollum – Aldegea 5-3, Hartwert – Skearnegoutum 7-1; Skearnegoutum – Lollum 4-4, Aldegea – Hartwert 2-6; Hartwert – Lollum 5-3, Aldegea – Skearnegoutum 4-4.
Einstân (mei tusken heakjes it tal buordpunten): 1. Hartwert 3 (18); 2. Lollum 1,5 (12); 3. Skearnegoutum 1 (9); Aldegea 0,5 (9).

Twadde en tredde klasse: De Gaastmar – Lollum II 7,5-0,5, Jorwert – Blauhús 4-4, Aldegea II – Hartwert II 2,5-5,5; Hartwert II – De Gaastmar 5-3, Jorwert – Aldegea II 4-4, Lollum II – Blauhús 0-8; Blauhús – Hartwert II 7-1, De Gaastmar – Aldegea II 6-2, Lollum II – Jorwert 1-7; Blauhús – De Gaastmar 4-4, Hartwert II – Jorwert 5-3, Aldegea II – Lollum II 7-1; Hartwert II – Lollum II 6,5-1,5, De Gaastmar – Jorwert 5,5-2,5, Blauhús – Aldegea II 7-1.

Einstân twadde klasse: 1. Blauhús 4 (30); 2. Hartwert II 4 (23); 3. De Gaastmar 3,5 (22).
Einstân tredde klasse: 1. Jorwert 2 (20,5); 2. Aldegea II 1,5 (16,5); Lollum II 0 (4).

jannewaris 15, 2024 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.