Gerard de Jong foarsitter EBLT

jannewaris 25, 2024 08:44

Gerard de Jong (eigen foto)

Gerard de Jong is unanym keazen as nije foarsitter fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). Hy folget ynterim-foarsitter Jelle Bangma op. De Jong wennet yn Ljouwert en is meartaligenskoördinator fan de gemeente Waadhoeke. Earder wie er haadredakteur fan De Bildtse Post.

It EBLT soarget sûnt 1984 foar de promoasje en beskerming fan it Frysk en Nedersaksysk yn Nederlân en yn de Europeeske Uny (EU). Dêr wurdt op Europeesk, nasjonaal en provinsjaal nivo wetlike en politike stipe foar socht. It EBLT bestiet út fertsjintwurdigers fan mear as tweintich organisaasjes dy’t har ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

jannewaris 25, 2024 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.