Gabrielle Terpstra: Eije Wykstra syn ferhaal yn ‘Het teken van het beest’

jannewaris 15, 2024 08:00

Filmbesprek

Ofrûne wykein kaam ik foar it earst yn ‘e kunde mei it ferhaal fan Eije Wykstra. Mei in freon siet ik yn kafee It Skûtsje yn Harns, doe’t er frege oft ik de film ‘Het teken van het beest’ koe. Hy seach dat ik wat freegjend seach en sei: “De hûn sil om jim bylje, dan”? Nee, ek net.

“Eije Wykstra wenne yn Grootegast en wie in anargist. Hy gie om mei in frou fan wa’t de man yn de finzenis siet. Dy frou liet har bern fertutearzje, wat resultearre yn in konfrontaasje mei de plysje. Op dat stuit skeat Eije Wykstra alle fjouwer plysjes dea.” In ferhaal dat my fuort griep. Dus thús gie ik op ûndersyk út.

Yn de roman De houn sil om jim bylje, skreaun troch Rink van der Velde yn 1997, wurdt net praat oer Wykstra, mar oer Lute. De roman waard yn 1980 ferfilme troch de Fryske filmmakker Pieter Verhoeff. De film krige de titel Het teken van het beest, wat ek de titel is fan de Nederlânske oersetting fan it boek fan Van der Velde.

Boarne: Tresoar1

Ik seach de film fia YouTube, dêr’t er fergees te besjen is. Wat fuort opfalt is de earmoed en de winter. Sjochst dat Eije Wykstra foar syn húske, dêr’t er tegearre mei syn mem wennet, akkordeon spilet. Yn de sêne dêrnei sjochst fuort dat it net giet om samar in man, mar om in tûke man. De tafels yn it hûs lizze fol mei wittenskiplike en spirituele boeken, eat dat bysûnder wie foar dat plak en dy tiid.

Eije is jager en klompmakker. Yn de film snijt Eije in ein de kiel troch. Dat moast de akteur Gerard Thoolen ek echt dwaan. Yn de tiid dat de film opnommen waard, gie dy by in jager yn Earnewâld yn ’e lear.

Eije is in tinker en hâldt fan lêzen en muzyk meitsjen. Hy hat ek in grutte empaty foar ferskoppelingen, omdat dy, lykas hysels, net hielendal passe yn de maatskippij, dêr’t er gjin hege pet fan op hat. Hy hat neat op mei leauwe, drank en froulju. Dat makket him net populêr. Sels syn eigen famylje fynt it mar neat wat er allegearre útspûket mei syn muzyk en boeken.

“As it sa trochgiet, knapt der noch wat yn syn holle”, seit syn mem yn ‘e film, in foarboade dat der wat gruts barre sil. Ek de driigjende fioelemuzyk lit witte dat der wat slims te barren stiet.

Eije giet op in stuit op besite by syn freon Hendrik en dy syn frou Aaltsje. Yn it hûs is it tige lawaaiïch en der rinne in soad bern om. Eije fertelt oer muzyk en sjocht dat Aaltsje nei him sjocht.
Hendrik is tige dronken en giet bûtendoar stean te koarjen.
Aaltsje freget oft Eije der fiis fan is en freget him ôf oft er wol wat tusken de skonken hat. Eije fynt froulju mar dreech en yngewikkeld ‘mei bantsjes en strikjes’. As antwurd dêrop lûkt Aaltsje har rok op omheech en lit har ûnderbroek mei ilestyk sjen. Se ferliedt Eije, it is in prachtige dreamerige sêne.

Hendrik bedarret yn de finzenis foar stellerij en Eije begjint in ferhâlding mei Aaltsje. Mar Aaltsje is allinnich mei al har bern, dus Eije betinkt in plan om de bern oer te dragen oan it earmbestjoer en Aaltsje by him ynlûke te litten.

Aaltsje giet mei Eije nei hûs en lit de bern efter. De plysje komt lykwols al gau om te sjen wat der te rêden is, mar Aaltsje en Eije stjoere de plysje fuort. Fielst oan alles yn ‘e film ûnderwilens dat it net goed ôfrinne sil.

As de plysje op in moarn mei fjouwer man weromkomt, moat Eije syn freondinne en syn frijheid ferdigenje. Hy sjit de fjouwer plysjes dea en stekt dêrnei syn hûs yn ‘e brân.
“Frijheid, mei wat in hertstocht haw ik dat neijage, en wêrta hat dat laat? Hie it allegearre oars gean kinnen of lei myn lot al yn ‘e stjerren skreaun?” sprekt Eije oan ‘e ein fan ‘e film as voice-over.

Yn de film wurdt Nederlânsk praat en gjin Frysk. Marja Kok, de aktrise dy’t Aaltsje spilet, seit dêr it folgjende oer: “Fries praten gaat niet, want als je dat niet spreekt, klinkt dat niet. Dan gaat de authenticiteit weg, omdat je ingewikkeld loopt te doen. De hele sfeer heeft wel wat Fries door de omgeving.”
De aktrise wûn in Gouden Kalf foar har rol yn dizze film, en de film sels wûn ek in Gouden Kalf foar bêste film.
Letter makke Pieter Verhoeff wol in pear Frysktalige films, dêr’t “De Dream” de bekendste fan is.

jannewaris 15, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.