Fiifde Dei fan de Alvestêdetocht yn Frysk Skipfeartmuseum Snits

jannewaris 14, 2024 08:19 Fernijd

Hoe jouwe we it kulturele en histoaryske belang fan de Alvestêdetocht oan jongere generaasjes troch? Dy fraach stiet sintraal op de fiifde Dei fan de Alvestêdetocht, op moandei 15 jannewaris 2024 yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits.

Winner Coen de Koning (yn ‘e midden mei mûtse en snor) fan de Alvestêdetocht fan 1917 (foto: kolleksje HCL)

Dy deis giet sjoernalist en earder hurdrydster Sippy Tigchelaar yn petear mei sporthistoarikus Ron Couwenhoven, dy’t de rydneilittenskip fan Coen de Koning byinoar brocht en oerdroech oan it Earste Fryske Reedrydmuseum yn Hylpen. De Koning wûn twaris de Alvestêdetocht (yn 1912 en 1917) en wie wrâldkampioen riden. Gauke Bootsma fan it Reedrydmuseum fertelt hokker objekt oft er noch hiel graach fine en útstalle wolle soe. En it Frysk Film & Audio Argyf komt mei unike bylden fan en oer de legindaryske tocht yn Snits. Noortje van Baal ûndersocht manieren om de Alvestêdekultuer te behâlden en oan jongere generaasjes troch te jaan en Hester Postma fertelt oer de plannen om de iissporten in plak yn de fernijde kolleksjepresintaasje fan it Frysk Skipfeartmuseum te jaan. Ta beslút is der noch in fraachpetear mei de reedrydfamylje Kooiman (Jan, Ineke Kooiman-van Homoet en Erik Jan).

Oer de Dei fan de Alvestêdetocht
Op 15 jannewaris 1909 waard de Keninklike Feriening De Fryske Alvestêden oprjochte. Dat is dan ek de reden dat 15 jannewaris yn 2019 útroppen waard ta de ‘Dei fan de Alvestêdetocht’. Dy stiet hielendal yn it teken fan de Alvestêdekultuer, lykas dy beheard wurdt troch argiven en musea. It giet dus net om de fraach oft men de tocht ea noch krije sil, mar oer de ferantwurdlikheid foar erfgoedynstellingen om de reedrydskiednis fêst te lizzen. De Alvestêdetocht heart nammentlik ta sawol it Fryske as it nasjonale sporterfgoed.

De Dei fan de Alvestêdetocht wurdt organisearre troch sporthistoarisy Marnix Koolhaas en Jurryt van de Vooren yn gearwurking mei it Frysk Film en Audio Argyf, It Frysk Skipfeartmuseum, Gemeente-argyf Súdwest-Fryslân en Tresoar. De presintaasje is yn hannen fan Sippy Tigchelaar.

Datum: moandei 15 jannewaris 2024, 13.30 – 16.00 oere;
Lokaasje: Frysk Skipfeartmuseum Snits, Kleinzand 16, 8601 BH Snits;
Kaarten: € 7,50 de persoan (museumyntree en ien konsumpsje ynbegrepen) fia friesscheepvaartmuseum.nl/elfstedentocht.

jannewaris 14, 2024 08:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.