FryslânDOK ‘Kening Jasper 366’ kommend wykein te sjen

jannewaris 12, 2024 08:18 Fernijd

Yn Jistrum stiet in hynder. Net samar in hynder, mar in wrâldstjer. It is Jasper 366. As er yn it lân stiet, is der neat bysûnders oan him te sjen, mar sadree’t er yn ’e ring optreedt, binne de minsken net te hâlden. Hy begûn as in brutale fôle mei krêftige efterskonken, de rest is skiednis. De FryslânDOK ‘Kening Jasper 366’ is it ferhaal fan de ferneamdste Fryske dekhynst fan alle tiden.

Boarne: Omrop Fryslân

Wrâldferneamd
Yn Fryslân binne se in soad te sjen, de prachtige, steatlike swarte hynders, mar oeral op ’e wrâld binne se tige populêr. Sûnt Jasper as trijejierrige hynst dekke mocht, hat er mear as 2500 dekkingen dien. Syn neikommelingen gean de hiele wrâld oer, want syn eigenskippen binne unyk. Sa waard Jasper út Jistrum wrâldferneamd.

Lid fan de húshâlding
Hy falt op, it hynder mei de krêftige efterskonken. By shows en keuringen wurdt syn populêrens aloan grutter. Ut binnen- en bûtenlân komme der hieltyd mear oanfragen foar neikommelingen fan Jasper. Foar Jasper sels wurde ek grutte bedraggen bean, mar it komt net yn de famylje Wijma op om him te ferkeapjen: “Hy is in lid fan ús húshâlding en dy ferkeapje je net.”

Swinge en flirte
Thús, op stâl of yn ’e greide falt Jasper net iens bot op. Mar as er de ring ynstapt bart der wat spesjaals. Jasper swingt troch de ring en flirt mei it publyk. Wat mear oanmoediging as er fan it publyk kriget, wat hurder as er syn bêst docht. By de hynstekeuring yn Ljouwert komme minsken út de hiele wrâld, inkeld foar Jasper.

Yn de FryslânDOK ‘Kening Jasper 366’ folget filmkollektyf Noormannen Jasper 366, syn eigeners, trainer en fans. Der wurdt útsocht wêrom’t no krekt dizze hynst The King of the Stallions is. De film giet op tongersdei 11 jannewaris yn premjêre by de Hynstekeuring 2024. Under de Hynstekeuring kin it publyk de film ek besichtigje.

FryslânDOK ‘Kening Jasper 366’
Sneon 13 jannewaris 15.30 oere NPO2 (werhelling snein 14 jannewaris 13.15 oere);
Snein 14 jannewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).
jannewaris 12, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.