Foto’s frijjûn fan Colossus, earste topgeheime kompjûter

jannewaris 25, 2024 08:18 Fernijd

Ea wie er sa topgeheim dat sels syn monteurs net wisten wêr’t er foar brûkt waard. Mar op syn tachtichste jierdei mocht de Britske ynljochtingetsjinst GCHQ foto’s diele fan Colossus, it apparaat dat as de earste moderne kompjûter sjoen wurde kin.

Colossus (foto: Wikipedia/The National Archives UK – publyk domein)

Op 18 jannewaris 1944 waard Colossus ôflevere op Bletchley Park, dêr’t de tûkste wiskundigen en kompjûterpioniers ynset waarden om Dútske koadeberjochten te kreakjen. Dêr ûntsifere bygelyks Alan Turings ‘Bombe’ al in jiermannich de nazyberjochten yn de Enigma-koade. Colossus moast oan ’e slach mei de koade dy’t Hitler brûkte om mei syn generaals te kommunisearjen. Dêr waard in nije technology foar ynset: meganyske skeakelingen waarden ferfongen troch 2500 elektroanebuizen, sadat Colossus folle rapper as syn foargongers wie.

Dêrmei wie Colossus feitlik de earste elektroanyske kompjûter. It apparaat koe 5000 karakters de sekonde ferwurkje. In troch koaden ûnlêsber makke berjocht koe sa yn inkelde oeren kreake wurde, yn stee fan dat koadekreakers der wikenlang op bodzje moasten. De masine like noch hielendal net op de lettere pc’s. Colossus woech 1000 kilo, wie twa meter heech en naam in folsleine keamer yn beslach. Software bestie doe noch net, Colossus waard programmearre troch skeakelers, stekkers en kabels om te setten. Pas doe’t mikrochips de fakuümbuizen ferfongen, waarden kompjûters minder loch.

Colossus
Uteinlik soe Bletchley Park tsien Colosussen ynsette. Harren ekstra rekkenkrêft kaam krekt op it goede momint: yn oanrin nei D-day waarden berjochten ûntsifere dêr’t út bliken die dat Hitler de ynvaazje by Calais ferwachte, net yn Normandië. Trochdat úteinlik 63 miljoen karakters dekodearre waarden, soe de oarloch neffens guon rûzingen twa jier earder einige wêze. Nei de oarloch waarden acht eksimplaren ûntmantele. Om’t de lêste twa, Red en Blue, yn de Kâlde Oarloch ynset waarden om Sovjetgeheimen te ûntbleatsjen, bleau it bestean fan de kompjûter topgeheim. Pas dizze iuw waard it bestean derfan einliks buorkundich makke.

Trochdat Colossus sa geheim wie, wisten ek persoanen dy’t der geregeld mei wurken net krekt wat er koe, fertelt in GCHQ-technikus yn it parseberjocht dat by de nije foto’s publisearre waard. “It wie net oan my om dat te witten”, bringt Bill Marshall him yn it sin. “It wie myn wurk om him te meitsjen as er stikken wie. Dêr hie ik wat skeakelskema’s foar, gjin detaillearre hantlieding.” Marshall is bliid dat er mei syn wurk in lyts bytsje bydroegen hat oan it wichtige apparaat. “Wy kinne allegearre grutsk wêze op wat yn namme fan de nasjonale feiligens berikt is.”

jannewaris 25, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.