Foar 2026 gjin minsken op ’e moanne

jannewaris 11, 2024 08:17 Fernijd

Yn romtefeartfermiddens waard der al net mear op rekkene, mar NASA hat no offisjeel oankundige dat de moannemisjes dy’t ein dit jier begjinne soene, ferskood binne. Troch technyske problemen sit der neffens de Amerikaanske romtefeartorganisaasje neat oars op.

Foto: NASA

De Artemis 2-misje soe yn novimber úteinsette. Dat wurdt septimber 2025. By dy misje fljocht in romtereau mei fjouwer minsken oan board nei de moanne en tebek, mar wurdt der net lâne. Foar ein 2025 stie mei Artemis 3 in moannelâning pland. Dy is útsteld nei septimber 2026. NASA-topman Bill Nelson seit dat feiligens boppe alles giet. Troch de misjes te ferskowen, is der mear tiid om oan de problemen te wurkjen, seit er. NASA hat sels problemen mei de raket en de Orion-kapsule. Under mear it hjitteskyld is noch net sterk genôch. By partikuliere bedriuwen dy’t ûnderdielen oanleverje, soene ek tsjinslaggen wêze.

Ein 2022 wie der al in testflecht mei de Orion yn it Artemis 1-programma. De kapsule fleach doe ûnbemanne trije wike om de moanne hinne. Artemis is yn de Grykske mytology de twillingsuster fan Apollo. Mei de Apollo 17-misje yn desimber 1972 wiene der foar it lêst minsken op ’e moanne.

jannewaris 11, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.