Ferhalen Fertelle yn Blauhús

jannewaris 21, 2024 08:15 Fernijd

Freed 26 jannewaris, de middeis fan 17.00 oant 18.00 oere, organisearret de Gerben Rypma Stichting Ferhalen Fertelle yn kafee De Freonskip fan Blauhús.

Foto: Gerben Rypma Stichting

Der binne ferhalen oer houtseagjen, ynseminaasje, de funksje fan it hynder, biobuorkjen, fytsfirus, in ferhaal út it libben fan in Teatskehûsbewenner en in folksferhaal. De jongste ferteller is Ilse (13), de âldste de Teatskehûsbewenner.

Ferhalen Fertelle is fan alle tiden. Foarhinne, doe’t der noch gjin telefyzje wie, fermakken de bruorren Gerben en Johannes Rypma, doarpsgenoat Yde Bleeker en oaren it publyk mei sterke ferhalen op de boppeseal fan it kafee; mei it saneamde Winterjûnenocht.

Fanwegen it 25-jierrich jubileum fan de Gerben Rypma Stichting is der freed 16.45 oere earst kofje mei in traktaasje. De tagong is fergees.

jannewaris 21, 2024 08:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.