Europeeske Kommisje docht ûndersyk nei X om desinformaasje

jannewaris 3, 2024 10:03

De Europeeske Kommisje hat in ûndersyk ynsteld nei it sosjalemediaplatfoarm X, it eardere Twitter. Dêr wurdt yn besjoen oft it platfoarm genôch docht om desynformaasje en yllegale ynhâld fan berjochten tsjin te gean en ek oft it wol transparant genôch is.

Ofbylding: Wikipedia – publyk domein

Under mear de funksje community notes, it systeem dêr’t men as brûker mei oanjaan kin dat eat net wier is, wurdt ûnder de loep nommen. Nei de blauwe finkjes, it ferifikaasjesysteem fan X, wurdt ek sjoen. Foardat X troch Elon Musk oernommen waard wie dat foarbeholden oan bygelyks politisy, sporters, filmstjerren en sjoernalisten, en tsjinne it as teken dat it account autentyk wie. Musk hat der in abonnemint oan keppele en tsjintwurdich wurde accounts mei blauwe finkjes hieltyd faker yn ferbân brocht mei ferkearde ynformaasje. Accounts dy’t earder in finkje hiene, hawwe dy yn in protte gefallen net mear.

Dy earste juridyske stappen meitsje it mooglik foar de Europeeske Kommisje om in ferdjipjend ûndersyk nei it bedriuw te dwaan oan ’e hân fan de nije Digitaletsjinstewet (DSA). Dy waard ferline jier ynfierd. Dy bepaalt dat sosjale media genôch dwaan moatte tsjin ûnder mear it fersprieden fan net-winske berjochten. Yn oktober begûn Brussel al mei in foarûndersyk nei X. It is de earste kear dat de EU in proseduere ynstelt om te sjen oft de DSA oertrêde is.

Earder krige X, mei TikTok en Facebook-memmebedriuw Meta, al in warskôging fan Brussel. Dat wie om’t it te min dwaan soe tsjin desynformaasje oer de oarloch tusken Israel en Hamas.

jannewaris 3, 2024 10:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.