Elvis Presley as hologram op poadium

jannewaris 15, 2024 08:18

Mear as 45 jier nei syn dea sil Elvis Presley meikoarten firtueel ta libben wekke wurde. The King of Rock and Roll kriget yn Londen syn eigen hologramshow.

Elvis Presley yn 1957 (foto: Wikipedia/Metro-Goldwyn-Mayer, Inc. – publyk domein)

De makkers krigen tagong ta tûzenen (persoanlike) foto’s en fideo’s fan de sjonger en makken mei help fan keunstmjittige yntelliginsje in holografyske projeksje. De foarstelling sil yn novimber yn premjêre gean. Letter sille der ek shows wêze yn Berlyn, Tokio en de stêd dêr’t er jierrenlang song: Las Vegas. De foarstelling folget op it enoarme sukses fan Abba Voyage. De Sweedske popband stiet al achttjin moanne firtueel op it poadium yn Londen. Fan ûnder mear Tupac en Michael Jackson binne ek hologrammen makke, mar dy waarden nea foar in hiele show brûkt. Yn Nederlân is ien hologram fan André Hazes senior brûkt.

Elvis Presley ferstoar yn 1977, mar wrâldwiid is der noch altyd in enoarm soad belangstelling foar de sjonger. Mei mear as 500 miljoen ferkochte platen is Presley ien fan de bêst ferkeapjende artysten ea. Twa jier lyn waard in film oer Presleys libben útbrocht. Yn 2018 krige er de Medal of Freedom, de heechste eare dy’t in sittende Amerikaanske presidint oan in boarger ferliene kin.

De makkers fan it hologram hoopje sawol in nije generaasje as minsken dy’t al langer fan binne, te berikken. De foarstelling sil in “freugdefolle fiering fan Elvis’ libben wurde, dêr’t de besikers yn meinommen wurde fan Mississippi oant Las Vegas”, litte de makkers witte.

jannewaris 15, 2024 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.