Ekspo Driezum-Wâlterswâld ein maart

jannewaris 26, 2024 08:18 Fernijd

It is de organisaasje opnij slagge: Ekspo Driezum-Wâlterswâld 2024 is in feit. Op 21, 22 en 23 maart pakke in protte bedriuwen en organisaasjes út en litte se sjen wat de regio te bieden hat. Yn en om doarpshûs De Nije Warf biede goed fyftich ûndernimmers en organisaasjes ynsjoch yn eigen keuken.

Wâlterswâld (foto: Wikipedia/Romke Hoekstra – CC BY-SA 4.0)

“De beurs ûnthjit foar in breed publyk nijsgjirrich te wurden”, sizze mei-organisatoaren fan ’e earste oere Bauke Schaafsma en Andries Terpstra. “Elkenien kin mei eigen eagen sjen wat der sa ticht by hûs allegearre makke wurdt en te keap is.” By de njoggende edysje fan Ekspo Driezum-Wâlterswâld komme in protte diskes te stean. It oanbod fariearret fan in túnbedriuw en wenningynrjochting oant skjintmesalon en kapsalon, fan camping oant bank- en assurânsjesaken en fan bêden oant auto’s.

De gemeente Dantumadiel ûntbrekt ek net op de beurs. Sterker noch, de gemeente hat in wichtige rol yn it presintearjen fan bedriuwen oangeande duorsumens en wentebou. Wethâlder Gerben Wiersma is bliid mei de nije kommende edysje. “De Ekspo is in prachtich middel foar it lokale bedriuwslibben om him te presintearjen. Mar it is foar de ynwenners ek de gelegenheid om mei de bedriuwen yn de regio yn ’e kunde te kommen. It kin minsken helpe bygelyks yn harren syktocht nei in oannimmer of ynstallateur. Wat is der dan better as om dat yn de eigen fertroude omjouwing te dwaan?”

Hawwe minsken in fraach oer isolearjen, sinnepanielen, subsydzjeregelingen of alles wat ek mar mei duorsumens te krijen hat? De gemeente en oanbelangjende bedriuwen steane klear om fragen te beäntwurdzjen. Wa’t bygelyks op ’e siik is nei in nije auto, bankstel of keuken, kin men ek op 21, 22 of 23 maart delkomme foar de presintaasje fan bedriuwichheid yn de regio.

NB: Minsken mei in ûndernimming dy’t mear ynformaasje hawwe wolle of meidwaan wolle oan de Ekspo, kinne in e-mail stjoere nei st.expodriezum-walterswald@hotmail.nl of skilje mei Bauke Schaafsma op nûmer 06-5152 3851.

jannewaris 26, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.