Einekuorrebeurs De Strampel yn Poppenwier op sneon 10 febrewaris
Resint ferskynd
De Strampel, de Fryske Feriening fan Einekoerflechters, organisearret op sneon 10 febrewaris fan 10.00 oant 15.00 oere in beurs yn doarpshûs De Trilker te Poppenwier.

Foto: Wikimedia Commons/Agnes Monkelbaan – CC BY-SA 4.0
Elkenien is fan herten wolkom om dêr te sjen en in praatsje te meitsjen. De tagong is frij. Der is in grut ferskaat oan typen en modellen kuorren. Sa binne der klaai-, wetterlân-, Trynwâldster-, wylgetienne- en toukuorren. Op ’e beurs is te sjen hoe’t de kuorren makke wurde en wat der mear makke wurde kin fan reid. Der kinne ek kuorren kocht wurde.
De Strampel telt goed hûndert leden, dy’t har ynsette foar it behâld fan de tradysje fan it kuorreflechtsjen. Alle jierren dogge se in stikmannich kuorren kado oan in soarchynstelling of in bernebuorkerij.
Op de webside fan De Strampel, www.de-strampel.frl, is mear ynformaasje en nijs te finen oer alles dat mei einen en kuorreflechtsjen te krijen hat.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje