Doede Wiersma: Wurde hûnen mear aaid as bern?

jannewaris 14, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn in boek oer opfieding lies ik: “Yn in soad húshâldingen wurde hûnen mear aaid as bern.”

It aaien en oanheljen fan bern is fan grutte wearde. Yn Ingelân binne by in ûndersyk hûndert bern yn ’e earste trije wike fan harren libben tweintich minuten deis aaid en ferpopke. Sân jier letter die by in yntelliginsjetest bliken dat by krekt dy bern alle feardichheden better ûntwikkele wiene.

Doe’t de ‘ferlerne’ soan op ’e weromreis nei hûs wie, seach syn heit him fan fierren oankommen en hy fleach him temjitte, foel him om ’e hals en tute him.
Wat in teare en kostlike dieden. As heit fan fjouwer bern stie en stiet dy heit my aloan foar eagen. Sa wie ik net, mar sa wol ik wêze en hieltyd wer wurde.
As bern hie de jongste soan grif de sêfte hannen fan syn mem field as dy him foar de nacht ûnderstoppe en him de rêch kaarde. En hy hie de sterke hannen fan heit field as dy him optilde en mei him oangie.
Doe’t er fier fan hûs wie, kaam er yn ’e kunde mei oare hannen, hannen dy’t him optein op ’t skouder huften, om’t er it safolste rûntsje weijoech. Mooglik hie er de hannen fan huorkes field dy’t him ‘leafde’ joegen foar grou jild. Op ’t lêst bedarre er yn ’e hannen fan wrede bazen. Tocht er doe oan de leave hannen fan heit en mem?

Yn de pubertiid kinne bern fier fan hûs en op in dwaalspoar reitsje. Se kinne eksperimintearje mei alkohol, drugs en seks. Se komme mooglik yn kreakhuzen telâne! As se as bern field hawwe hoe’t har de kâlde hantsjes troch heit of mem ferwaarme waarden, hoe’t se foar de nacht tastoppe waarden en as poppe aaid en streake, dan komt it letter faak wer goed. Dy earste jierren binne sa wichtich!

Lêze: Lukas 15:11-16

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
jannewaris 14, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.