Doede Wiersma: Minsken opfiskje

jannewaris 7, 2024 07:00 Fernijd

Kollum

Geregeld kuiere ik yn Wommels fan ’e pastorij nei it fersoargingstehûs ‘Nij-Stapert’ om dêr besiten te dwaan. Ik kaam dan by de fiver lâns. Op in kear hellen bern fisken út dy fiver en brochten dy nei de tochtsleat fierderop, om’t der te min soerstof yn it fiverwetter siet. De bern draafden sa dat se likefolle himen as dat de fisken nei lucht hapten. Hiene de bern se net oerbrocht nei sûn wetter, dan wiene se allegearre deagien. Prachtich om te sjen hoe’t dy fisken wer ta libben kamen.

Op in dei rûn Jezus bylâns de mar. Hy seach twa fiskers dy’t de netten útgoaiden. Doe kaam Er op in idee. Hy wonk se by Him en sei: “Kom mei My. Ik sil minskefiskers fan jim meitsje.”
Wêrom moatte minsken opfiske wurde? Doe’t Jezus Him ferdjippe yn minsken, seach Er dat se der “wurch en swier beladen” útseagen (Matteüs 11:18), as fisken yn wetter mei te min soerstof. Sa’t astmapasjinten letterlik te min lucht ha, sa ha oaren dat figuerlik. Dêr moat wat oan dien wurde, tocht Jezus en it earste dat Er die, wie helpers sykje.
“Kom mei My!” is troch de tiden hinne de rop fan Jezus oan minsken.
De earsten wiene Simon en Andreäs, doe Jakobus en Johannes. En sa gong it mar troch: muontsen, nonnen, diakonessen, minsken dy’t wurkje yn ’e sinding en it diakonaat, yn tehuzen foar blinen, dôven en handicapten, yn it Leger des Heils en yn it leger fan frijwilligers dy’t yn en út namme fan ’e tsjerke har ynsette foar de meiminske.
Prachtich om te sjen hoe’t minsken yn in sûne libbensfiver ta nij libben komme.
Der falt noch hiel wat te fiskjen. Hjoed lies ik yn ’e krante dat it tal minsken dat mei HIV/aids besmet is fan 9 miljoen yn 1990 oprûn is nei 42 miljoen yn 2002.

Lêze: Matteüs 4:18-22 en/of Gesang 47 = Liet 531

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe
jannewaris 7, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.