Doede Wiersma: De Heit fan alle minsken

jannewaris 28, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

Mei gemeenteleden mocht ik graach sykje nei in kreative útbylding fan dielen út ’e Bibel. By it ‘Us Heit’ makken wy fan plestik buizen in grutte reinbôge yn tsjerke. Midden ûnder dy bôge hong de ierdbol. Yn sân kleuren en dus folslein (sân wiist op folsleinens) welvet Gods goedens sûnder ein oer de ierde. Oer de ierde en dus oer alle minsken. Sy skûlje by Him as pykjes ûnder de hin.
‘Us Heit’. Ik wol beslist ûnder dat ‘ús’ alle minsken beflappe. Is dat in revolúsjonêr stânpunt?
Ja, want as God de Heit is fan alle minsken, dan binne al dy minsken inoars susters en bruorren. Dan is der mar ien lân: de wrâld. Dan is der mar ien folk: de minskheid.
Yn it Bibelsk leauwe kin men neat oer God beweare sûnder dêrút konsekwinsjes te lûken foar it hâlden en dragen fan minsken. Dy minsken hearre oan inoar te dwaan wat God hárren docht en dat is: leafhawwe mei hert en siel.
Ik fielde my thús yn gemeenten mei in grut ferskaat fan frij- en rjochtsinnigen. De heechste wille joech it my as gemeenteleden net allinne it liet oer de reinbôge songen, mar it har ek eigen makken!

Zie jij het soms gebeuren
dat van de zeven kleuren
er één niet mee mag doen?
Nee, de één staat naast de ander
en ze zijn zoals je ziet,
steeds verbonden met elkander.
Kunnen mensen dat dan niet? (Eppie Dam)

Sa kinne wy de himel op ierde bringe.

Lêze: Matteüs 6:7-9a

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
jannewaris 28, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.