Doede Wiersma: De Heit en de beide soannen

jannewaris 21, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

Rembrandt: It thúskommen fan de ferlerne soan (publyk domein)

Ta de lêste skilderijen fan Rembrandt hearre ‘Simeon’ (no kin ik yn frede gean) en ‘De ferlerne soan’.

Yn syn jonge jierren wie Rembrandt grutsk, arrogant en eigenwiis. Hy smiet mei jild, sprong út ’e bân en libbe him út yn sinlik genot. De selsportretten om syn tritichste hinne litte in man yn útwrydske klean sjen, pronkjend mei gouden keatlingen, mâle huodden, baretten, helms en tulbannen. Hy skildere himsels mei Saskia yn in huorrekast, heal dronken en geil.

Op dy perioade fan sukses en rykdom folge in tiid fan fertriet en tsjinslaggen. Yn sân jier tiid ferlear er in soan, in dochter en syn frou Saskia. Hy rekke oan reapsein. Yn trije feilingen waard syn hiele besit oan jild makke om dêr syn skulden mei te beteljen.
En dochs fûn er sa om syn fyftichste in inerlike rêst dy’t har spoaren neilieten op syn skilderijen.
As Rembrandt himsels yn de ferlerne soan tekenet, dan sjogge wy him yn smoarge, stikkene klean. Syn skuon binne fersliten. In hiel oare Rembrandt as doe’t er tritich wie.
It libben wie foar Rembrandt as in reis. Mar oan ’e ein fan dy reis soenen der hannen wêze dy’t him opheinden.
It is as sei er it Jezus nei: “Heit, yn jo hannen betrou ik myn geast.”
Einlings thús.
“… no bin ik altyd by Jo!” (Psalm 73:23)

Lêze: Psalm 73:21-28

jannewaris 21, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.