‘Do Wieshoaken’ winner fyfde Sealter kroechkwis

jannewaris 3, 2024 08:02

Ofrûne freed waard yn Finchen’s Kleiner Pub yn Roomelse (Ramsloh) foar de fyfde kear de Sealter kroechkwis spile. Alve teams diene mei. It fêste team ‘Do Wieshoaken’, dat it yn alle eardere edysjes goed dien hat, waard diskear de winner.

‘Do Wieshoaken’ (foto: Seeltersk-Kontoor)

Tobias Geesen, Michael Eilers, Johannes Münzebrock, Matthias Fugel en Anneke Norrenbrock wiene mei 35 fan de 40 punten mar in heal punt foar op nûmer 2, ‘Hinrichs Wäänte un Wuchtere’, ek fêste dielnimmers oan de Sealter kroechkwissen. Op it tredde plak kaam in ploech dy’t himsels ‘Stammtisch’ neamde, en foar it earst meidie.

De ienfâldichste fraach wie ta hokker soarte Lajka, it earste libbene wêzen dat yn in baan om ’e ierde draaide, hearde. Alle ploegen wisten dat it in hûn wie. De lêstichste fraach gie ek oer romte: “Wäcker Stiern is fan ‘e Äide uut blouke noch ljoachter as Sirius?” (Hokker stjer is helderder as Sirius, fan de ierde ôf sjoen?) Net ien ploech kaam derop dat it de sinne is. De sjuery moast laitsje doe’t de fraach foar it wurd fan it jier beäntwurde waard mei “kroechkwis”, mar dêr koe men gjin punten foar jaan om’t it goede antwurd ‘krisismodus’ wie.

De Sealterfrysktalige kroechkwissen binne twa kear yn it jier. It Seeltersk-Kontoor skinkt drankbonnen fan 20, 30 en 50 euro oan de trije bêste ploegen. Johannes Norrenbrock komt mei de fragen en foarmet mei Henk Wolf de sjuery, wylst Dagmar Heyens de presintaasje fersoarget. Neist wille en mienskipsbou is in doel fan de Sealter kroechkwissen om mear romte te meitsjen foar it brûken fan it Sealterfrysk. De fragen wurde dêrom earst yn it Sealterfrysk steld. Yn dizze fyfde edysje waarden se net mear mûnling yn it Standertdútsk oerset, mar allinnich skriftlik. Foar it earst wie de presintaasje hielendal yn it Sealterfrysk en dat wie foar gjinien in probleem. De sechsde edysje sil nei ferwachting yn ’e maitiid wêze.

jannewaris 3, 2024 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.