Djip dolle yn Fêste Grûn

jannewaris 12, 2024 19:32

Toanielresinsje

It toanielstik Fêste Grûn mjukset it persoanlike libben fan de haadrolspilers op fernimstige wize mei maatskiplike ûntwikkelingen, dy’t dêr ek wer harren wjerslach op hawwe. It binne suver allinnich dialogen – op in poadium mei amper in dekôr – mar as betûfte akteurs slagget it Marijke Geertsma en Jan Arendz, op in novimberjûn yn Terherne, omraak it publyk de hiele jûnfoljende foarstelling lang, sûnder skoft, yn de besnijing te hâlden.

Sêne út de opfiering fan Fêste Grûn troch J&M Teaterwurk op 25 novimber yn Terherne. Foto: It Nijs

In autoûngemak soarget derfoar dat boer Rein en sjoernaliste Renate elkoar by tafal moetsje, krekt op in kearpunt yn harren libben. Rein sit oantangele mei hjoeddeiske agraryske swierrichheden lykas regeldruk, stikstofproblematyk en de kontinuïteit fan it famyljebedriuw. Renate rint tsjin oermjittige fersaakliking fan de sjoernalistyk oan. Mei ûnder oaren fan dy gefolgen dat der minder plak is foar de Fryske taal yn de krante: in aspekt dat spitigernôch net útwurke wurdt; mar dat komt faaks om’t it stik in oersetting is fan ‘Grond’ fan skriuwer Tjeerd Bischoff. Renate rint ek fêst yn har relaasje en Rein is in man allinne… As Renate op it idee komt om fraachpetearen mei Rein te hâlden – in idee dêr’t har haadredakteur net folle yn sjocht – komme tal fan maatskiplike ûntjouwingen en de persoanlike problemen dy’t mei dêr út ûntsteane op it aljemint. Beide sjogge se troch harren petearen mei de eagen fan de oar nei it eigen libben, dat mei dêrtroch in kear nimt. Mar oft hja – lykas de akteurs dy’t yn werklikheid man en frou binne en faaks neffens de ferwachting fan de taskôgers – de  lapen by einbeslút wol gearsmite?

Sêne út de opfiering fan Fêste Grûn troch J&M Teaterwurk op 25 novimber yn Terherne. Foto: It Nijs

Njonken dy fan de twa haadrolspilers binne der gjin folweardige oare rollen. Allinnich is Eddie Mulder der noch, dy’t him ynearsten presintearret as Pablo, de Spaanske man fan Renate. Dêrnei nimt er it fersoargjen fan sfearfolle eftergrûnmuzyk foar syn rekken. Dêr makket er geregeld fannijs in ûnneifolchbere kar foar út in tal gitaren. In orizjinele tafoeging dêr’t de yngeande petearen sawol mei begelaat as ferbrutsen wurde. Gearfetsjend dolt Fêste Grûn djip, mar it stik is likegoed humoristysk en tige ûnderhâldend.

Sêne út de opfiering fan Fêste Grûn troch J&M Teaterwurk op 25 novimber yn Terherne. Foto: It Nijs

Fêste Grûn is nei in foech krystreses fan jûn ôf wer rûnom yn de provinsje te sjen. Sjoch op de webside fan J&M Teaterwurk foar mear ynformaasje en om kaarten te besetten.

Nanne Hoekstra

jannewaris 12, 2024 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.