Briefkje (99): Farianten en synonimen

jannewaris 16, 2024 08:00

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn foarige brief.

Bêste Ed,

Ferline wike joechsto dyn miening al oer de reaksje fan Henk Wolf op myn brief (nû. 97) fan 2 jannewaris. Ik foegje der ek noch wat oan ta. Henk neamde syn opmerkingen ‘korreksjes’, mar ik sjoch se as oanfollingen en dêr binne we bliid mei.

  1. Ik skreau: “Sa’n tweintich jier lyn is de foarkarswurdlist oanlein.” Nee, skriuwt Henk, dy list is fan 2015. Ja, dat wit ik ek wol. Yn de digitale ferzje fan it Frysk Hânwurdboek (2008) is al in skifting te sjen: de yngongen binne de foarms dy’t op de Foarkarswurdlist steane en de dêrfan ôfwikende foarms wurde farianten neamd. It opstellen fan sa’n list sil in protte tiid koste hawwe, dêrom dat ik rûsde dat der “sa’n tweintich jier lyn” mei begûn wie.
  2. Ik ferlike de Fryske foarkarslist mei it Groene Boekje om syn gebrûkswearde, net om syn opset.
  3. Wat Henk oer taalnoarm skriuwt en syn ferwizing nei neerlandistiek.nl binne tige nijsgjirrige oanfollingen, mar dy geane oer grammatika; ik hie it oer stavering. Dat taalgelearden mear romte jouwe, wit ik, mar dat hoecht net yn te hâlden dat it basale taallearen dêrmei holpen is. Dat hat mear oan wat strakkere regels.
  4. It sa no en dan oanpassen fan de regels fan de Nederlânske stavering, en dus fan it Groene Boekje, is fan in totaal oare oarder as dat yn it skreaune Frysk de ferskillende farianten deselde status krije soene.

____

Ik wit net, Ed, watfoar ûnderfining oftsto hast mei it tsjiniggewearjen as it om it begryp foarkarslist giet. It is my nochal ris opfallen dat minsken de farianten en de synonimen net útinoar hâlde. Ik hoech it dy net út te lizzen, mar guon meilêzers hawwe dêr miskien wol wat oan:

Farianten binne oare skriuwwizen fan wat yn wêzen itselde wurd is (foarbyld: jerappel, ierpel, earappel, jirpel en earpel binne farianten fan ierappel)

As immen foar in fariant kiest kin dat wêze omdat dy foarm it bêste by him/har of by de ferûnderstelde lêzer past. Soks sil foaral yn brieven, gedichten en ferhalen it gefal wêze en kin mei de regio dêr’t immen wennet of weikomt of dêr’t it spilet gearhingje. Yn teksten dy’t minder persoanlik binne en/of dy’t elkenien lêze moatte kin, kin better foar de foarkarsfoarm keazen wurde. Wa’t foar in fariant kiest, moat dat yn in selde tekst wol konsekwint dwaan.
Soks kin yn lytse dingen sitte, bygelyks grienten of grientes, paken en beppen of pakes en beppes. De foarm mei in n is eigen oan it Frysk, mar der binne lju dy’t, faaks beynfloede troch Hollânske ûntjouwingen, no de foarkar oan de s jouwe.

Synonimen binne wurden dy’t allegearre (ûngefear) itselde betsjutte kinne (foarbyld: faaks, allicht, altemets, bygefal, licht, lichtwol, miskien, mooglik, soms, tafallich, wierskynlik en wolris).

Hokker synonym oft immen kiest, hinget fan syn/har eigen foarkar ôf. Dy foarkar kin ynjûn wurde troch de bekendheid fan in wurd by de skriuwer sels of by de ferûnderstelde lêzer, mar ek troch it soarte fan tekst en it ferlet fan ôfwikseling dêryn. Der is yn alle gefal gjin foarskreaune foarkar. Dêr moat gjin misferstân oer bestean. It iennige foarskrift is wol, dat de ôfwikseling gjin betizing jaan moat. Dat kin by synonimen fan haadwurden (foar persoanen, bisten, dingen en begripen) foarkomme, as samar foar itselde in oar wurd brûkt wurdt. It moat wol dúdlik wêze dat it om de- of itselde giet.

Mei freonlike groetnis,

Jan

 

jannewaris 16, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Henk Wolf jannewaris 17, 12:16

    It is doch in bytsje oars.

    Jan skriuwt: “Farianten binne oare skriuwwizen fan wat yn wêzen itselde wurd is (foarbyld: jerappel, ierpel, earappel, jirpel en earpel binne farianten fan ierappel).”

    It begryp ‘fariant’, sa’t dat yn de Foarkarswurdlist en yn de diskusje dêroer brûkt wurdt, hat lykwols neat mei de skriuwwize te krijen. ‘Fariant’ is dêr nammentlik net in staveringsbegryp, mar in taalkundich begryp. ‘Jerappel’ en ‘ierpel’ wurde ferskillend skreaun, omdat it twa ferskillende wurden binne – mei in ferskillende útspraak en dus ek in ferskillende útkomst fan de klank-nei-tekenomsetting dy’t wy ‘stavering’ of ‘skriuwwize’ neame. Wat farianten ûnderskiedt fan synonimen, is dat farianten fan itselde etymon komme. Talen dy’t net skreaun wurde, ha ek sokke farianten. En twa farianten kinne ek gelikens skreaun wurde. Sa binne [gas] en [gɔs] farianten fan inoar, mar se wurde beide as <gas> skreaun. Itselde jildt foar de farianten [pompun] en [pompuən], dy’t de skriuwwize <pompoen> mienskiplik ha.

    <Skientme> en <skjintme> binne wol ferskillende skriuwwizen fan itselde wurd. Dat jildt ek foar <revolusjonêr> en <revolúsjonêr>, en foar <bûchber> en <bûgber>. Sokke staveringsfarianten komme yn de Fryske skriuwpraktyk ek foar en it oarspronklike idee fan de provinsje wie om dêr ris wat regaad yn te meitsjen. Yn dy tiid (rûchwei 2011-2013) waard noch praat oer ‘in Frysk Grien Boekje’, nei it foarbyld fan it Groene Boekje, dat ek in staveringsgids is.

    Letter (rûchwei 2013-2015) kaam it idee derby om dêrnjonken yn skriftlik Frysk ek de dialektfariaasje (mei gefallen lykas ‘jerappel’ njonken ‘ierpel’) te beheinen. Ynstee fan oer ‘Grien Boekje’ waard doe earst oer ‘Standerwurdlist’ en letter oer ‘Foarkarswurdlist’ praat.

    Ik wit net oft Jan it relevante ferskil tusken stavering en taal wol goed foar it snotsje hat. Sa net, dan soe dat ferklearje kinne dat er myn korreksjes net as sadanich opfettet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.