Briefkje (98): “Minsken moatte it wol ferstean kinne”  

jannewaris 9, 2024 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.

Bêste Jan,

De korreksjes dêr’t Henk Wolf mei reagearret op dyn earste brief fan dit jier, dogge neat ôf oan de strekking fan dyn ferhaal. Want hoe fersoarge, of hoe grammatikaal is it taalgebrûk fan de trochsneed Nederlanner? It makket nochal wat út oft er Hollânsk of Frysk praat of skriuwt (ik behein my ta de twa grutste offisjele rykstalen). It ferskil tusken de noarm fan it Hollânsk – de standert fan it ABN – en dy fan it Frysk – de foarkarswurdlist mei syn farianten –  is amper te mjitten sa grut. Dat soe foar in beskaafde Fries net te fernearen wêze moatte, mar de measten litte it gewurde. Ik tink sels dat der in kategory Friezen is dy’t dat net allinnich tastiet, mar ek stipet. Sa woe ik mar efkes ferwize nei dyn heldere útlis oer it misbaksel ‘gedoogsteun’.

Wy binne it deroer iens dat it ûnderwiis, as it giet om oerdracht fan taal, kultuer en skiednis, lang net is wat it wêze moatte soe. It ûnderwiis moat der optimaal foar soargje dat ús bern yn ’e takomst in sinfolle bydrage oan ’e maatskippij leverje kinne. Mar de maatskippij, de trochsneed fan alle goede en minne krêften, jout sels foarm en ynhâld oan dat ûnderwiis. Dat is in wikselwurking dy’t ferskillend útpakke kin.
De posysje fan it Frysk stiet gauris ûnder druk en dat wol ik mei in foarbyld ferdúdlikje. Do hiest it oer it lêzen en skriuwen, Jan, mar myn foarbyld leit op it nivo fan praten en ferstean. Fansels is skriftlike taalfeardigens tige fan belang om mûnling taalgebrûk te stypjen, mar ik wol oanjaan dat problemen mei it ferstean al fan ynfloed binne op de wurdearring fan de taal, hjir it Frysk.
It giet oer in artikel yn de Ljouwerter Krante fan 20 desimber, op de foarside al oankundige mei de gjalp: ‘Minsken moatte it wol ferstean kinne’. De tûkste hin yn de animaasjefilm ‘Chicken Run’ (nijsgjirrich troch de stop-motiontechnyk) praat Frysk. Dat moat yn ’e krante. Yn it Britske orizjineel (de Aardman-studio’s, dêr’t sokke films makke wurde, steane yn Bristol) praat de hin Mac neffens it artikel “stevig Schots”. Wat moat men jin by dat ‘stevig’ foarstelle? Ik nim oan dat it taalgebrûk fan Mac wakker ôfwykt, stevich (fiks) ferskilt fan it Standertingelsk yn de film. Foar ’t neist giet it net samar wat oer dialetyske fariaasje of klankkleur, lûding; dat soe neffens my net ‘stevich’ wêze. Yn de Dútske ferzje hat Mac in Nederlânsk aksint en neffens de krante is dat grappich; it sil wol in soarte fan Rudi Carell-dútsk wêze.
It is bekend dat minder achtenearre personaazjes, boeven en dogeneaten, yn Disneyfilms in minderheidstaal of in dialekt prate. Dat is oer de hiele wrâld it gefal en wat de yn Nederlân neisynchronisearre ferzjes oanbelanget sil dat yn alle gefal foar Hollânsktaligen grif grappich wêze. Yn ‘Chicken Run’ is it no krekt net de dogeneat dy’t troch syn taal opfalt, mar it tûkste personaazje. Is dat net in opstekker foar it Frysk? De krante swakket dat idee fuort ôf mei de relativearring ‘de minsken moatte it wol ferstean kinne’. Hollânsk is de noarm, dat it mei net te dreech wurde, net te Frysk. Dêrom is it wat soer om te lêzen dat it no “in echte Fryske hin” wurden is. Dat ‘echte’ hâldt yn dat er, lykas it meastepart fan de Friezen, sa folle mooglik it Hollânsk oankrûpt, om’t it net te dreech wurde mei.
Dêr woe ik it by litte.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

 

jannewaris 9, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.