Briefkje (97): Mei gewurde litten wurdt gjinien stipe

jannewaris 2, 2024 08:00

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief.

Bêste Ed,

Do fregest yn dyn brief fan fjirtjin dagen lyn oft der wol in goed Frysk wurd foar ‘gedoogsteun’ is. Nee, dat is der net en dat hoecht der ek net te kommen. ‘Gedogen’ kinne we neffens Frysker.nl oersette mei ûnder mear: talitte, tastean, gewurde litte en goedfine. Do neamst ek noch duldzje. Dy wurden litte har net kombinearje mei stipe of steun. Dat dat ek net hoecht, is omdat ‘gedoogsteun’ in misbaksel is, in wurd dat tsjin himsels stiet.

As ik ien wat tastean, wol dat net sizze dat ik him dêryn stypje. By tastean of gewurde litten bin ik passyf. As ik ien earne mei stypje, bin ik aktyf. Dy oare kin it, as ik him/har net tsjinhâld of lestichfal, wol as stipe ûnderfine. Sa sil it mei kabinet-Rutte I gien wêze: it fielde him stipe troch Wilders en syn oanhang, mar dy wiene net fan doel om it kabinet te stypjen. Se woene allinne mar it kabinet net yn ’e wei stean.

It gie dy net om de polityk mar om de foarkarswurdlist Frysk en hokker rol oft dy spilet of spylje moat; oft dy list wol of net de noarm wêze moat by ús skriuwen. Dat in protte lju dêr it mier oan hawwe, sil net by elkenien deselde reden hawwe. Guon binne prinsipieel op dy list tsjin omdat er harren frijheid oantaast, oaren is it te lestich om mei in foarkarstavering rekken te hâlden. De list is gearstald troch by elk wurd nei te gean hokker foarm oft it meast brûkt waard en wurdt en net troch de persoanlike foarkar fan de gearstallers as noarm oan te hâlden. Aldere wurdboeken joegen alle besteande foarms fan in wurd en de brûkers sochten dêr dy foarm út dy’t harren it bekendst foarkaam. Dat sil faak de foarm west hawwe dy’t mei harren eigen sprektaal oerienkaam. Sa’n tweintich jier lyn is de foarkarslist oanlein: yn grutte halen komt it derop del dat doe ien foarm de foarkar krige en de oare foarms farianten neamd waarden. Krekt as dat mei it Groene Boekje foar it Nederlânsk it gefal is, soe de foarkarswurdlist oanholden wurde kinne yn it ûnderwiis, by de gemeentlike en provinsjale oerheden en troch útjouwers.

As op de basisskoalle it fak Fryske Taal deselde status hân hie as it fak Nederlandse Taal, soe it lêzen en skriuwen learen fan it Frysk profitearje fan it oanhâlden fan dy list. Men moat der net oan tinke wat der op in skoalle barre soe as de iene learaar ferkeard rekkenje soe wat in kollega de bern krekt as goed leard hie. Of dat ien sei: it kin neat skele hoe’t jimme it skriuwe, it is allegearre goed. Mar it Frysk hat dyselde status net, en as we sa mar wat oanmodderje, wurdt him dat ek net. De swierrichheid is dat de measte minsken yn it ûnderwiis, by de oerheden en útjouwerijen it Frysk lêzen en skriuwen net as bern leard hawwe. De gefolgen binne der neffens. In bykommende swierrichheid is dat by in soad kranten en útjouwerijen de funksje fan korrektor net mear bestiet. Yn it Nederlânsk wurdt de skriuwwize net oan de útspraak oanpast. In wurd as terug wurdt ek wol as trug sein, mar yn it Groene Boekje fine we dy foarm net – en dat wurdt normaal fûn. As we yn It Frysk de útspraakfarianten as normale wurdfoarms ferklearje (en dus fan gjin foarkar witte wolle) meitsje we it Frysk lêzen en skriuwen folle dreger as dat it no al is.

Ik soe der folle mear oer skriuwe wolle, mar it brief wurdt te lang. Miskien is it goed dat we der de kommende wiken wat op trochgeane en mei praktykfoarbylden de kwestje wat dúdliker meitsje.

Mei freonlike groetnis,

Jan

jannewaris 2, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Henk Wolf jannewaris 2, 17:01

    In pear korreksjes:

    1. De Foarkarswurdlist is yn 2015 publiseard, dat dy is noch lang gjin 20 jier âld.

    2. It Groene Boekje jildt as noarm foar de stavering fan Nederlânske wurden, net as noarm foar farianten. As mear farianten op skrift gebrûklik binne, steane dy der beide yn, bygelyks ‘literatuur/litteratuur’, ‘spellingsregel/spellingregel’, ‘niesen/niezen’. Dat it GB net bedoeld is om foarmfarianten ôf te karren, stiet letterlik yn de Leidraad: “[…] het ontbreken van een woord betekent geen afkeuring.”

    3. Oars as in staveringsnoarm is in taalnoarm ynherint subjektyf. Dat jildt foar de noarm fan it Nederlânsk ek. Dat de iene learaar in foarm goedkart en de oare dyselde foarm ferkeard rekkenet, is deistige praktyk. Noarmen binne net helder of sprekke inoar tsjin, leararen kinne dy noarmen lang net altyd en se ferskille boppedat yn har ynterpretaasje fan dy noarmen. Ben Salemans hat dit stik oer grammatikale noarmen skreaun en hy soe samar in ferlykber stik oer leksikale noarmen skriuwe kinne:
    https://neerlandistiek.nl/2021/04/wie-bepaalt-wat-ongrammaticaal-is-bij-het-centraal-examen/

    4. De offisjele stavering fan it Nederlânsk wurdt wis wol geregeldwei oan de útspraak oanpast. Los fan alle útsûnderingen is en bliuwt de beskaafde útspraak it liedende prinsipe by dy offisjele stavering. Etymologyske staveringen lykas ‘mensch’ en ‘cigaret’ binne bygelyks ferfongen troch staveringen neffens it útspraakprinsipe.

  2. Cor Jousma jannewaris 3, 10:20

    [[en net troch de persoanlike foarkar fan de gearstallers as noarm oan te hâlden.]]

    Soks jildt net foar de lânnammen. De foarm mei -je dy’t by de AFUK húsriem wie, is net as fariant opnaam yn ‘e list. Wylst yn de Frysktalige Wikipedia de foarm op -ië hast net brûkt wurdt. Mar de Fryske Akademy wol der neat fan witte…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.